Haersmastate (Drachten)

(Trochferwiisd fan Haersma State (Drachten))

Haersmastate of: Veldzigt is in state út 1843 yn Drachten. It gebou is neamd nei de famylje Haersma dy't fan 1625 oant 1795 oanienwei in grytman fan Smellingerlân levere.

Haersmastate
Haersmastate yn 1921
De tún yn 2010

It waard boud foar grytman Martinus Manger Cats fan Smellingerlân nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein. Romein ûntwurp ek ferskate wettersteatstsjerken en it gerjochtsgebou De Beurs yn Ljouwert.

It bestek is bewarre bleaun yn it Frysk Museum. Yn de nijbou is materiaal út de yn 1841 ôfbrutsen Haersmastate yn Aldegea ferwurke. Haersmastate is yn klassisistyske styl oplutsen, in styl dy't wat as in neibloei fan de empirestyl beskôge wurde kin. It is in blokfoaarmich hûs, mei in leech skyldtek en hoekskoarstiens. Yn de middenpartij fan de gevel sit boppe de yntree in troch Ioanyske pylders droegen balkon. Binnenyn is der in soad ferboud. Yn 1857 waard mr. Epeus Manger Cats boargemaster fan Smellingerlân en hy kaam yn it hûs fan syn broer te wenjen. Doe't hy yn 1868 ôftrede en nei Grins gie, waard de state by in feiling ferkocht. Nei M.M. Cats waard de state tusken 1871-1881 bewenne troch Andries Pieters Pel en fan 1893 ôf wie de gemeente Smellingerlân eigener dy't de state tsientallen jierren ferhierd hat oan de Keninklike Maresjesee. Sûnt 2003 wurdt Haersmastate hierd troch HBD Bouwgroep bv.

It hûs leit yn in tún yn lânskipsstyl, neffens in ûntwerp fan Lucas Pieters Roodbaard, dy't fanwege de gemeente al yn 1924 foar it publyk iepen steld wie. Yn 1932 waard de tún útwreide neffens in plan fan Kwekerij Moerheim. De oarspronklike ynrjochting is njonkenlytsen fiks oantaaste.

Oant 1985 hie it park de saneamde Drachtster Kei, in balstien fan 9000 kg, dy't yn 1930 op it Suderbegraafplak oan it ljocht kaam wie. Fierders binne der trije monuminten, ien is in Joadsk monumint, dy't slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich út Smellingerlan betinke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: