Hamer (tydskrift)
Hamer wie tusken 1940 en 1945 in nasjonaalsosjalistysk folkekundich tydskrift.
It wie in prestizjeusk moanneblêd mei in protte yllustraasjes, dat fan oktober 1940 ôf troch Utjouwerij Hamer fan Reinier van Houten útjûn waard. It tydskrift ferkundige de kulturele tinkbylden fan de Nederlandsche SS. De redaksje waard foarme troch Nico de Haas en Gerda Schaap. Harren taak wie de Nederlânske folkskunde populêr te meitsjen mei fotorigen oer âlde gebrûken, âlde dracht, fersierde gevelstiennen en Germaanske symboalen dêr't fan tocht waard dat sy ferlern gien wiene. De oplagesifers foar Hamer wienen op in stuit 18.500 eksimplaren. Sûnt jannewaris 1943 ferskynde ek in Flaamske edysje mei in oplage fan 4000 stiks. Dy útjefte wie deselde as de Nederlânske, mar bestege sa'n 8 oant 16 siden oan Flaamske saken. Maart 1944 kaam der in Dútske edysje mei de titel Hammer, en der wienen plannen foar in Noarske ferzje fan it tydskrift. De plannen waard it neat mei fanwege it ferrin fan de kriich.
De measte artikels wiene fansels fan de redaksje, fral fan De Haas (meast artikelen oer folkloare sa as “Markerdracht", "Nijjiersgebrûken", “Pinkstergebrûken”, “Midzsimmer- Sinnekear” en “Midwinterblaze”) en Schaap (dy't wat mear skreau oer “Folkskeunst”, en “ It Begjin fan it Ornamint”, mar him ek weage oan Huismerken – Zinnebeelden der Sibben).
Bekende meidoggers wienen ûnder oaren J.G.N. Renaud, Jan de Vries (mei rigen artikelen oer de geheimen fan het Runen-alfabet en oer de Germaanske goaden), S. J. van der Molen (yn it Nederlânsk, oer Volk en Bodem in Friesland, Friese folklore en Friese boerderijen), Elsa M. Valeton (û. o. oer kantklosse en oar hantwurkjen), D. J. van de Ven (û. o. oer it slachtsjen oan hûs yn ús folkslibben), Steven Barends en Johan Theunisz. Oare bydragen kamen fan J.B. Broekhuis, Jurriaan van Toll, Van Heemskerck-Düker, P. Felix, W.J. de Boone, W.R.C. van Boetzelaer, Bart Elskamp en Klaes Sierksma .
Alle jiergongen hawwe ferskate artikelen oer 'âld-Hollânske' plakken en stêden sa as Hoarn, Hylpen, Edam, Monnikendam, Marken, Dokkum, Frjentsjer, Amerongen, Gythoarn, Haarlim en Maastricht. Apart omtinken wie der foar de prehistoarje (Grêfhichteûndersyk, onze Urnenvelden, de 'Brûnstiidsmid en syn Wurk' en de Iistiidkultueren) en de skiednis fan de Germanen (De Hermanslag , 'Germanen yn it Easten', 'De Bataven' en 'It baaien yn de Germaanske wrâld'). Lettere nûmers joegen stadichoan mear oersette bydragen fan bûtenlânske skriuwers oer folkloare, gebrûken, hânwurk en skiednis fan stambesibbe Germaanske groepen sa as: Germanen in het Oosten, Friesche Boeren aan de Weichsel, Stafkerken – Stille Getuigen van Germaansche Bouwkultuur, Het Perchtenloopen in de Alpenlanden.
Dêrneist wienen der ferskate temanûmers, al yn de earste jiergong, sa as in Rispingenûmer, een Drachtnûmer, in Weinûmer, in Peaskenûmer en in Mûnenûmer.