Hegebeintumermûne

(Trochferwiisd fan Hegebeintumermole)

De Hegebeintumermûne is in poldermûne besuden it doarp Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Hegebeintumermûne
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hegebeintum
adres Mieddyk 6
koördinaten 53° 21' N 5° 54' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 15,35 meter
boujier 1860
oare ynformaasje
eigner Monumintebeh. NE-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38709
Webside
Stifting De Fryske Mole
Kaart
Hegebeintumermûne (Fryslân)
Hegebeintumermûne

De Hegebeintumermûne is in mealreeë muonts, dy't yn 1860 foar de bemealling fan de polder Hegebeintum boud waard.

De mûne hold it opfallend lang fol en bleau oant 1969 yn it wurk. Om't der doe gjin mûnder mear beskikber wie, waard besluten ta meganyske bemealling.

De mûne waard yn 1976 eigendom fan de Stichting De Fryske Mole, dy't him in jier letter restaurearje liet. Yn 2006 wiisde it Wetterskip Fryslân de Hegebeintumermûne oan as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

De Hegebeintumermûne hat in flecht fan 15,35 meter en de wjukken binne âldhollânsk ophekke. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: