Hendrik de Vriespriis

De Hendrik de Vriesprijs wie in literatuerpriis dy't, mei in pear ûnderbrekkings, sûnt 1946 útrikt waard troch de gemeente Grins. Sûnt 1986 wurdt teffens it Hendrik de Vriesstipendium takend.

De priis waard ynsteld by gelegenheid fan de fyftichste jierdei fan de Grinzer dichter Hendrik de Vries. Hy wie yn 1946 ek de earste dy't de priis krige. De priis waard alle twa jierren jûn oan ien dy't in bûtengewoane prestaasje levere hat yn de literatuer. Yn 1973 waard de priis opheft.
By gelegenheid fan de njoggentichste jierdei fan De Vries waard de priis yn 1986 fannijs ynsteld. Yn 1996 waard besletten de priis net mear twajierliks, mar om de fiif jier ta te kennen lykop geand mei de lustrums fan De Vries syn bertejier. De priis waard opheft yn 2004, mar al yn 2006 opnij ynfierd. Yn 2009 waard besletten dat de priis tenei wer twajierliks útrikt wurdt.[1] Nei 2011 is de priis net mear takend. Yn de kultuernota fan de gemeente Grins 2012 wie te lêzen "Nettsjinsteande it belang fan de nammejouwer foar de stêd hâlde wy op mei de Hendrik de Vriespriis. De priis hat te min effekt as it giet om talintûntwikkeling en de lanlike útstrieling fan Grinslân". [2]

It Hendrik de Vriesstipendium waard yn 1986 ynsteld as in jierlikse oanmoedigingspriis foar beropskeunstners ûnder de 35 jier. Dy moatte yn- as fanút Grins wei wurkje. De winners moatte it jild fan de priis oan it meitsjen fan nij wurk besteegje.[3] Alle jierren wurde yn desimber twa stipendia fan 6000 euro útrikt. De priis wurdt wikseljend takend oan in literator of byldzjend keunstner. Bekende ûntfangers fan it stipendium wiene ûnder oaren Marc Reugebrink (1986), Erik Nieuwenhuis (1996) en Gewassen (mei û.o. Tsead Bruinja (2002).

Priiswinners

bewurkje seksje

Hendrik de Vriespriis

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reglement Hendrik de Vriesprijs en -stipendium
  2. Hendrik de Vriesprijs stopt, Tzum, 14 augustus 2012
  3. Hendrik de Vriesstipendium
  4. Webstee Gemeente Grins des. 2013