Hendrikus Cornelis Marie van Beers
Hendrikus Cornelis Marie van Beers (Rotterdam, 17 july 1890 - Zeist, 2 jannewaris 1964) wie in Nederlânske arsjitekt.
Van Beers waard yn 1890 berne as soan fan de Rotterdamske arsjitekt Francis Jacobus Cornelis Josephus fan Beers en Agatha Johanna Cornelia Maria Minderop. Lykas syn heit waard er arsjitekt. Van Beers ûntwurp in tal roomsk-katolike tsjerkegebouwen ûnder mear yn Amstelfean, Haaksbergen, It Hearrenfean, Ljouwert en Soest.
De troch him yn de jierren tritich fan de 20e iuw ûntwurpen Sint-Dominikustsjerke yn Ljouwert, de Hillige Geasttsjerke op It Hearrenfean en de Sint-Willibrordustsjerke yn Achter-Drempt binne erkend as ryksmonumint.
De Carolus Borromeüstsjerke yn Soesterberg, de Sint-Annatsjerke yn Amstelfean, de kleasterkapel Sint-Jozef yn Arnhim en de Mariaskoalle yn Soest binne gemeentlike monuminten.
Van Beers troude op 21 jannewaris 1919 yn Brummen mei Theodora Agatha van de Loo, dochter fan in stienfabrikant. Hy ferstoar yn jannewaris 1964 yn de âldens fan 73 jier as gefolch fan in auto-ûngemak op de Oortseweg yn Zeist.
-
Sint-Dominikustsjerke yn Ljouwert
-
Hillige Geasttsjerke op It Hearrenfean
-
Sint-Willibrordustsjerke yn Achter-Drempt
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrikus Cornelis Marie van Beers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|