Hillige Geasttsjerke
De Hillige Geasttsjerke is de roomske parochytsjerke fan de Hillige Geast op It Hearrenfean.
De hjoeddeiske r.k.-tsjerke, de fjirde, waard yn it sintrum boud, sawat 50 meter bewesten Crackstate. It ûntwerp is fan arsjitekt H.C.M. van Beers en is boud yn tradisjonalistyske styl. De trijebeukige tsjerke kaam yn 1933 klear. It gebou hat in lytse toerspits en in toer mei trije klokken, mei in hege spits. De kânsel komt út it atelier fan de byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg. De tsjerke is in ryksmonumint.
De skiednis fan de roomske parochy begûn yn 1636. De groei fan de gemeente hie ta gefolgen dat men gruttere tsjerken bouwe moast. Yn 1842 waard it tredde gebou, njonken Oenemastate, yn gebrûk nomd. Dizze tsjerke waard brûkt oant 1933, mar waard letter sloopt.