Henk Lampe
Henk Lampe (Snits, 1951) is in Nederlânske ûntwerper en byldzjend keunstner.
Libben en wurk
bewurkje seksjeLampe studearre wenkritefoarmjouwing oan de Arnhimske akadeemje.[1][2] Sûnt 1976 arbeidet er as selsstannich ûntwerper. Yn dat jier liet er syn stoel Stokkenzit sjen by de fyfde Biennale Ynterieur yn Kortrijk en by galery Ekster yn Ljouwert.[3] Lampe ûntwerpt ûnder mear meubilêr, berneboartersplakken en frijsteande keunstobjekten.
In foarbyld fan syn wurk is de rige 'kunstspeelplastieken' dy't er yn 1991-1992 makke by gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Gasbedriuw Westergo.[4][5] De plastiken binne opboud út deselde eleminten, mar ek ferskillend. Se waarden pleatst yn de njoggen Fryske gemeenten dy't oandielhâlder fan it gasbedriuw binne.
Galery
bewurkje seksje-
KING-monumint
-
Sûnder titel, Polderhaadkanaal yn De Feanhoop
-
Sûnder titel, Stiens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|