Heraklion (stêd)

Heraklion (Gryksk: Ηράκλειο, Iraklio) is de haadstêd en grutste gemeente fan it Grykske eilân Kreta. It plak leit sintraal oan de noardkust fan it eilân, oan de Egeyske See.

Heraklion
Ηράκλειο
De haven mei it fan Feneetsjers boude fort
De haven mei it fan Feneetsjers boude fort
Bestjoer
Lân Grikelân
Regio Kreta
Boargemaster Vasilios Labrinos (SYRIZA)
Sifers
Ynwennertal 173.450 (2011)
Oerflak 120 km² (stêd)
Befolkingsticht. 707,6 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte m
Oar
Stifting 824 (de stêd fan no)
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Offisjele webside
Webside Heraklion
Byld fan de slangegoadinne út sa'n 1600 f.Kr.
Gemeentegrinzen fan 2011

It besjen wurdich

bewurkje seksje

De stêd hat in archeologysk museum dat in bulte fynsten fan de Minoyske beskaving hat. Yn it museum binne in protte bylden fan bollen te finen út de bollekultus fan dy beskaving. De myte fan de Minotaurus herinnert hier nog aan. It museum hat ek in makette fan Knossos. Fierder is der in ferskaat oan fynsten út it archeologysk plak Faestus, lykas de wrâldferneamde Skiif fan Faistos, yn dit museum. In tige bekend byldsje is dat fan de slangegoadinne, dy't yn eltse hân in slang yn de loft hâldt (sjoch foto).

Oan de haven leit it fort Koulés. It archeologysk fynplak Knossos leit tichtby de stêd.

Heraklion hat in dependânse fan de Universiteit fan Kreta (Gryksk: Πανεπιστήμιο Κρήτης). Yn dy festiging húsmannet de Fakulteit fan Geasteswittenskippen en de Fakulteit fan Natuerwittenskippen, Wiskunde en Ynformatika.

Ynternasjonale organisaasjes

bewurkje seksje

Sûnt 2005 is it Europeesk Agintskip foar netwurk- en ynformaasjebefeiliging ("ENISA") yn Heraklion fêstige. It ENISA funksjonearret as kennissintrum dêr't EU-lidstaten en EU-ynstellingen advys krije kinne oer fraachstikken dy't netwurk- en ynformaasjebefeiliging oanbelangje krije.

Troch de bestjoerlike weryndieling fan begjin 2011 waard Heraklion in fúzjegemeente yn de Grykske bestjoerlike regio (periferia) Kreta en de fjird grutste stêd fan Grikelân nei ynwennertal.

Untjouwing fan de befolking fan Heraklion
Ynwennertal
Jier 1800 1850 1900 1920 1928 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011
Ynwenners 15.000 18.910 22.501 29.491 39.231 54.878 63.765 84.354 111.335 120.563 137.711 173.450
Boarnen: I. Perdikogianni: A Study of evolution, eprints.ucl.ac.uk (PDF) Iraklio-Chania National Statistic Service of Greece:
Statistisches Jahrbuch 2006 statistics.gr s. 44
Folkstelling 2011[1]

Berne yn Heraklion

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. statistics.gr (PDF)