Lambertustsjerke (Arum)

(Trochferwiisd fan Herfoarme tsjerke (Arum))

De Lambertustsjerke oan de Tsjerkesingel yn Arum is it tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Arum-Kimswert.

Lambertustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Arum
adres Tsjerkesingel 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1836-1837
arsjitekt Thomas Romein
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39426
offisjele webside
Protestanske gemeente Arum-Kimswert

De PKN-gemeente Arum-Kimswert ûnstie op 21 jannewaris 2018 troch in fúzje fan de herfoarme gemeente en de grifformearde gemeente fan Arum mei de herfoarme gemeente fan Kimswert. Fan dy trije gemeenten wie de grifformearde gemeente it grutst.[1]

De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke datearre út 1664 en wie boud op it plak fan in midsiuwske tsjerke út mooglik 1150-1200. Op 12 febrewaris 1836 sloech de bliksem yn op de toer en baarnde de tsjerke ôf. Noch yn itselde jier waard útein set mei de nijbou neffens in ûntwerp fan Thomas Romein.

It skip fan de tsjerke mei goatyske finsters hat oan de westlike kant in oanslutende toer mei in neoklassisistyske houten opbou en in koepel as bekroaning. De tagong fan de tsjerke is yn it earste travee fan de noardlike gevel fan it skip.

 
Leichel-oargel

Yn de jierren 2002-2008 is de tsjerke hielendal restaurearre.[2]

Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan Lambertus fan Maastricht. Tsjintwurdich draach de tsjerke wer de âlde namme.

Yn de tsjerke is in grêfkelder fan de bewenners fan Camminghastate. De hearebank foar de preekstoel oer wie de bank fan de Cammingha's. Hja hiene ek in eigen tagong, mar dy is tichtmitsele. Njonken de Cammingha-bank binne der noch in pear hearebanken. Trije kroanluchters soargje foar de ferljochting fan de tsjerke.[3]

By de 19e-iuwske brân gyng ek it âlde oargel ferlern. Dat oargel datearre út de jierren 1660. In diel fan de pipen fan dat ynstrumint waard noch rêden en brûkt foar it nije oargel, dat Dirk Sjoerd Ypma yn 1840 boude. It Ypma-oargel foldie lykwols net sa goed en moast al yn 1846 restaurearre wurde troch Willem Hardorff. Yn 1885 ferfong Friedrich Leichel út Lochem it troch nijbou. Dêrby soe neffens Jan Jongepier it front fan it Ypma-oargel op 'e nij brûkt wêze yn Arum mei tafoeging fan nij fykwurk en ornamintyk. It âlde Ypma-ynstrumint boude Leichel yn 1888 wer op yn de grifformearde Andreastsjerke fan Liens, dêr't it noch jimmeroan tsjinst docht. Foar it âlde oargel makke Leichel in nij front.

Sûnt 2008 is it oargel net mear te bespyljen. Op it stuit is in restauraasje fan it ynstrumint yn tarieding. De kosten dêrfan wurde begrutte op EUR 250.000. [4][5]

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: