Herfoarme tsjerke (Mearum)
De Herfoarme tsjerke fan Mearum is ien fan 'e âldste bakstiennen tsjerken fan Grinslân. Fan oarsprong is de tsjerke romaansk, mar fan dy boustyl is net in soad bewarre bleaun.
Herfoarme tsjerke fan Mearum | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Mearum | |
adres | Noorderringweg | |
koördinaten | 53° 08' N 6° 15' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | ûnbekend | |
status | Sûnt 2008 bûten gebrûk. | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw (koer) 13e iuw skip en toer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28286 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt fiifsidich koer fan 'e tsjerke ûnstie yn 'e tolfte iuw en is dêrmei it âldste diel fan 'e tsjerke. It tichtmitsele portaal yn 'e súdlike muorre fan it koer wie eartiids de yngong foar de preester. Yn 'e noardlike muorre is noch in tichtset romaansk finster te sjen. Yn 'e muorren fan it koer binne tichtmitsele finsters, dy't yn 'e 16e iuw ynbrocht binne.
It tsjerkeskip datearret út it earste fearn fan 'e 13e iuw. Yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw waarden oan wjerskanten fan 'e tsjerke steunbearen oanboud om fierdere fersakking op te kearen. Sawol oan 'e noardlike as oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke sieten noardske poartsjes. Dy foar de froulju waard tichtmitsele en giet foar de helte skûl efter in steunbear, wylst dy foar de manlju hjoed-de-dei tsjinst docht as tagong fan 'e tsjerke. By in 18e-iuwske ferbouwing binne de grutte rûnbôgefinsters ynbrocht en nei alle gedachten is doe ek de noardlike gevel op 'e nij ommitsele.
De westlike toer is lykas it skip út it earste fearn fan 'e 13e iuw. Healwei de 16e iuw waard de toer heger makke en krige it skip de hjoeddeiske kape. Op in hichte fan trettjin meter hat de gevel oan alle kanten galmgatten. De tsjintwurdige spits datearret út 1923 en ferfong eartiids in opmitsele spits. De toer stiet tichteby in sleat en hinget dêrtroch 20 sintimeter út it lead.
Om 'e tsjerke hinne lei foarhinne in grêft.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe oergong fan it yn ferhâlding lytse skip nei it koer is oan 'e binnenkant en oan 'e bûtenkant goed te sjen troch it ferspringen fan it muorrewurk. De apsis wie oarspronklik healwei de muorrehichte opmitsele. It healrûne koepelferwulft lykas dat noch yn 'e Sint-Fitustsjerke fan Doezum bewarre bleau, is net mear oanwêzich.
De preekstoel út 1826 is makke troch D. Duursma út Drachten. De tsjerke besit in hearebank út it earste fearn fan 'e 18e iuw. De bank is fersierd mei it wapen fan Carel Ferdinand von Inn- und Knipphausen, fan 1714 oant 1717 hear fan Nienoard en Fredewâld. Ut de roomske tiid fan 'e tsjerke sit efter dy hearebank noch in nis foar it hillich sakramint. De tsjerkebanken binne net mear oanwêzich en ferfongen troch stuollen.
Oargel
bewurkje seksjeYn 1658 boude Johann Reinschmitt in oargel foar de tsjerke yn it Brabânske Ginneken. Jan van Gelder út Leien boude yn 1809 yn 'e âlde oargelkas in nij binnenwurk, dat yn 1939 troch de Herfoarme gemeente fan Mearum oankocht waard. De firma Valckx & Van Kouteren ferhûze it ynstrumint nei Mearum en boude it dêr wer op. It oargel hat ien manuaal mei tsien registers en in oanhongen pedaal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|