Herfoarme tsjerke (Oostwold)

De Herfoarme tsjerke fan Eastwâld (Oostwold) yn 'e gemeente Aldamt Grinslân is in krústsjerke út 1775 en ferfong eartiids in âldere tsjerke út 1598.

Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Eastwald (Oostwold)
adres Tsjerkesingel
koördinaten 53° 12' N 7° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1775
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29923
Webside
PKN De Dollert
Kaart
Herfoarme tsjerke (Grinslân)
Herfoarme tsjerke

As foarbyld foar de bou fan 'e krústsjerke tsjinne de Nije Tsjerke yn 'e stêd Grins. By in útwreiding fan 'e tsjerke feroare it grûnplan fan it gryksk krús yn in latynsk krús, mei't ien fan de fjouwer earms (de súdlike) útwreide waard. Efter de tsjerke leit it hôf mei in pear 17e- en 18e-iuwske grêfstiennen.

De tsjerke is sûnt 1973 in ryksmonumint en ûndergyng yn 'e jierren 1970 in grutte restauraasje.

Yn 2020 moast de tsjerke sletten wurde nei't earder stikken fan it plafond op de grûn fûn waarden. De Tijdelijke Commissie Mijnbouwschade Groningen stelde fêst dat de skea feroarsake wie troch de gaswinning. Yn 2021 waarden de ferwulften restaurearre.

 
Oargel

De tsjerke besit in monumintale preekstoel mei klankboerd, doopstek en doopfont mei fykwurk. Fiif tsjerkebanken binne oerkape. De koperen kroanljochter stamt fan 1821.

Yn it achtsidige tuorke hinget in klok út 1807 fan 'e jitterij Van Bergen út Heiligerlee. It oerwurk is ek fan 'e firma Van Bergen en stamt út 1893. Fan in midsiuwske klok út 1400, dy't hjoed-de-dei yn it depot fan it Grinslânsk Museum bewarre wurdt, is yn 2021 foar de tsjerke in replika getten.[1][2]

De tsjerke hat in oargel fan de Hamburger Heinrich Hermann Freytag (Hamburch, 1759 - Grins, 14 april 1811), in twamanualich oargel út 1811. Yn 1989 folge in restauraasje troch de oargelmakker A.H. de Graaf (1928-2014) út Leusden, dy't it oargel yn 'e oarspronklike steat werom brocht. It oargel hat achttjin registers, ferdield oer haadwurk en boppewurk. It pedaal is oanhongen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Orgelsite: disposysje, beskriuwing en lûdsfragminten fan it oargel

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: