Herfoarme tsjerke (Sebaldebuorren)
De Herfoarme tsjerke is de tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente yn it Grinslânske Sebaldebuorren.
Herfoarme tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Sebaldebuorren | |
adres | Provincialeweg 44 | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 18' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gemeente) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1807 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18780 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe ienfâldige sealtsjerke waard yn 1807 boud en ferfong doe in ferfallen tsjerke. By de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard in part fan it sloopmaterjaal fan de foargonger wer brûkt. Ut hokker tiid de earste tsjerke fan Sebaldebuorren datearre is ûnbekend, wol waard der al yn de 14e iuw yn Sebaldebuorren preke.
Op it 16e iuwske segel fan Langewâld stiet de tsjerke as in krústsjerke mei in healrûne apsis ôfbylde.
De Sebaldebuorster tsjerke waard yn 'e jierren 2009-2010 foar in part restaurearre. De tsjerke krige flierferwaarming, de konsistoarje waard fergrutte en de kleuren fan it ynterieur waarden safolle mooglik werom brocht yn de orizjinele steat. Ek it dakruterke waard opknapt.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe preekstoel mei klankboerd stamt út de boutiid. Yn it dakruterke hinget in klok út de 16e iuw. It oargel waard yn 1928 boud troch Bakker & Timmenga. By de bou waard âlder piipwurk fan Hinsz brûkt, dat ôfkomstich wie fan it Seisbierrumer oargel út 1767, dat yn 1922 achter it histoaryske front ferfongen waard troch nijbou fan Bakker & Timmenga.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|