Herman Nicolaas Ridderbos (Easterein, 13 febrewaris 1909 - Kampen, 8 maart 2007) wie in Grifformearde predikant en teolooch. Hy wie ûnder oaren heechlearaar oan de Teologyske Hegeskoalle Kampen, dêr't er it Nije Testamint ûnderwiisde. Ek hat er ferskate teologyske boeken skreaun.

Ridderbos wie in soan fan Jan Ridderbos, dy't ek heechlearaar west hat yn Kampen. Ek Nico Ridderbos, de broer fan Herman, wie heechlearaar, mar dan oan de Frije Universiteit, dêr't hy it Alde Testamint ûnderwiisde.

Herman Ridderbos studearre teology oan de Teologische Hegeskoalle yn Kampen en oan de Frije Universiteit. Nei syn ôfstudearjen waard er yn 1934 predikant foar Eefde-Gorssel yn de Achterhoek. Op 13 novimber 1936 promovearre er mei lof oer "De strekking van de bergrede naar Mattheüs" (De strekking fan de berchrede nei Matteüs). In 1939 waard er predikant yn Rotterdam-Charlois. Op 21 jannewaris 1943 waard er heechlearaar yn Kampen; yn 1975 gong er mei emeritaat.
Herman Ridderbos ferstoar thús, yn de âldens fan 98 jier.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • De komst van het Koninkrijk - 1950, Kampen
  • Het Evangelie volgens Matteüs (Korte Verklaring der Heilige Schrift) - 1954, Kampen
  • Heilsgeschiedenis en heilige Schrift van het Nieuwe Testament - 1955, Kampen
  • Aan de Romeinen (Commentaar op het Nieuwe Testament) - 1959, Kampen
  • Paulus. Ontwerp van zijn theologie - 1966, Kampen
  • The coming of the Kingdom - 1976, Philadelphia
  • Paul and Jesus - 1977, Nutley
  • Het evangelie volgens Johannes. Proeve van een theologische exegese (deel 1) - 1987, Kampen
  • Het evangelie volgens Johannes. Proeve van een theologische exegese (deel 2) - 1992, Kampen

Keppeling om utens

bewurkje seksje