Hermann Burmeister
Hermann Burmeister (folút: Karl Hermann Konrad Burmeister; Stralsund, 15 jannewaris 1807 - Buenos Aires, 2 maaie 1892) wie in Prusysk ûntdekkingsreizger, natoerûndersiker, geograaf, entomolooch, ornitolooch, soölooch, herpetolooch, botanikus, paleöntolooch en meteorolooch. Hy ûndersocht de natoer fan Súd-Amearika en rjochte yn Argentynje in ynstitút foar natoerwittenskippen op dat ynternasjonaal ferneamd waard.
Hermann Burmeister | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karl Hermann Konrad Burmeister | |
nasjonaliteit | Prusysk Argentynsk | |
berne | 15 jannewaris 1807 | |
berteplak | Stralsund (Prusen) | |
stoarn | 2 maaie 1892 | |
stjerplak | Buenos Aires (Argentynje) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch | |
aktyf as | botanikus, soölooch, ornitolooch, entomolooch, herpetolooch, publisist | |
jierren aktyf | 1829 – 1892 | |
bekendste wurk(en) |
De Insectorum Sysemate Naturali Handbuch der Entomologie |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBurmeister waard yn 1807 berne yn Stralsund (tsjintwurdich yn Meklenburch-Foarpommeren), dat doe ta Prusen hearde. Hy wie fan 1837 oant 1861 heechlearaar soölogy oan 'e Martin Luther Universiteit fan Halle-Wittenberch. Yn it Revolúsjejier 1848 waard er troch de stêd Halle as fertsjintwurdiger nei it Frankfurter Parlemint stjoerd. Neitiid siet er foar it stedsje Leibnitz yn 'e Prusyske Lândei.
Burmeister makke ferskate lange reizen nei Súd-Amearika, yn 1850-1852 nei Brazylje, en yn 1857-1860 nei Argentynje. Beide kearen kaam er werom yn Prusen mei grutte kolleksjes bisten dy't doe foar de wittenskip noch ûnbekend wiene. Yn 1861 fêstige er him permanint yn Súd-Amearika en naam er de Argentynske nasjonaliteit oan. Hy stifte it saneamde Ynstitút oan it Natoerwittenskiplik Museum Bernardino Rivadavia yn Buenos Aires. Dêrnjonken stied er yn Argentynje ek oan it haad fan 'e Wittenskiplike Akademy fan 'e Nasjonale Universiteit fan Córdoba.
Behalven as soölooch wie Burmeister ek aktyf op it mêd fan ornitology, entomology, paleöntology en botany, en as herpetolooch beskreau er in grut tal nije soarten amfibyen en reptilen. Syn standertauteursôfkoarting op it mêd fan botany is "Burmeist.", wêrmei't oanjûn wurdt dat hy de wittenskiplike beskriuwer wie. Los fan syn wurk as biolooch bejoech Burmeister him ek op it terrein fan 'e geografy en de meteorology. Yn 1892 kaam er yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires te ferstjerren.
Literatuer
bewurkje seksjeBurmeister liet in mânsk oeuvre nei mei grut ferskaat oan ûnderwerpen. Syn opfolger as direkteur fan it Museo Argentino de Ciencias Naturales Bernardino Rivadavia yn Buenos Aires, Carlos Berg (1843-1902) komt yn syn biografy (1895) op teminsten 280 wurken. In kar:
- De insectorum systemate naturali. 1829 doi:10.5962/bhl.title.12279 (dissertaasje)
- Grundriss der Naturgeschichte (Berlyn 1833) doi:10.5962/bhl.title.37030
- Beiträge zur Naturgeschichte der Rankenfüsser (Cirripedia). G. Reimer, Berlyn 1834. doi:10.5962/bhl.title.10322 doi:10.5962/bhl.title.8822
- Beschreibung einiger neuen oder weniger bekannten Schmarotzerkrebse. Breslau 1835. doi:10.5962/bhl.title.39131
- Zoologischer Handatlas (Berlyn 1835–1843)
- Handbuch der Entomologie (Berlyn 1832–1855; 5 bânen) doi:10.5962/bhl.title.36371 doi:10.5962/bhl.title.8135
- Grundriss der Naturgeschichte. Für Gymnasien und höhere Bürgerschulen. G. Reimer, Berlyn 1836 doi:10.5962/bhl.title.37030
- Genera insectorium (Berlyn 1838–1846; 10 Hefte)
- mei Christian Ludwig Nitzsch: System der Pterylographie. E. Anton, Halle 1840 doi:10.5962/bhl.title.64330
- Geschichte der Schöpfung (Leipzig 1843)
- Die Organisation der Trilobiten (Berlyn 1843) doi:10.5962/bhl.title.9086
- Beiträge zur näheren Kenntniss der Gattung Tarsius. G. Reimer, Berlyn 1846. doi:10.5962/bhl.title.15737
- Die Labyrinthodonten (Berlyn 1849–1850; 3 Teile) doi:10.5962/bhl.title.5493
- Der fossile Gavial von Boll (Halle 1854)
- Reise nach Brasilien (Berlyn 1853)
- Landschaftliche Bilder Brasiliens (Berlyn 1853)
- Systematische Uebersicht der Thiere Brasiliens (Berlyn 1854–1856; 3 bannen) doi:10.5962/bhl.title.13607
- Erläuterungen zur Fauna Brasiliens (Berlyn 1857)
- Reise durch die La Plata-Staaten (Halle 1861; 2 folumes)
- Physikalische Beschreibung der Argentinischen Republik (Buenos Aires en Halle 1875)
- Die fossilen Pferde der Pampasformation (Buenos Aires en Halle 1875)
- Revision del género Ecpantheria. Buenos Aires 1883. doi:10.5962/bhl.title.48431
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |