Hjerringfliet

(Trochferwiisd fan Hjerringflyt)

It Hjerringfliet (Nederlânsk en offisjeel: Haringvliet) is in eardere earm fan de Noardsee, yn Súd-Hollân tusken Foarne-Putten en de Hoekske Waard yn it noarden, en Goeree-Overflakkee yn it suden. Yn 1970 waard it Hjerringfliet yn it ramt fan de Deltawurken troch de Hjerringflietdaam fan see ôfsletten. Fan de Hoekske Waard nei it Hellegatsplein rint de Hjerringflietbrêge. Yn it Hjerringfliet leit it eilân Tiengemeten. It Spui mûnet dêryn tusken de Hoekske Waard en Foarne-Putten.

Hjerringfliet
Hjerringfliet
De Hjerringflietdaam

Foar 1200 wienen Foarne en Flakkee ien eilân. Stoarmfloeden trochbrieken de dúnrige en sa ûntstie it Hjerringfliet. Fierder it lân yn ûntstie troch ynfloed fan it Hjerringfliet it Hollânsk Djip. It Hjerringfliet hjitte iuwenlang Flakkee; earst yn de 19e iuw krige it wetter de namme dy't it no hat.

In gebiet fan 11.633 ha yn de gemeenten Bernisse, Cromstrijen, Dirksland, Goedereede, Hellevoetsluis, Korendijk, Middelharnis en Eastflakkee is oanwiisd as Natura 2000-gebiet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje