De berch Hoareb (Hebriuwsk: חֹרֵב, Gryksk yn de Septuaginta: χωρηβ, Latynsk yn 'e Fulgata: Horeb) is de berch dêr't neffens it boek Deuteronomium fan it Alde Testamint God de Tsien Geboaden oan Moazes joech. By de Hoareb sloech Moazes mei de stôk wetter út de rots Eksodus 17:5. Ek moete de profeet Elía God by de Hoareb (1 Keningen 19:1) nei't Elía flechtsje moast foar de wraak fan keninginne Izébel.

Moazes slacht de tafels mei de Tsien Geboaden stikken (Rembrandt van Rijn)

Yn de tradysje wurdt Hoareb sûnt de 4e iuw lokalisearre yn it suden fan it skiereilân Sinaï, in plak dat bekend stiet as de Jebel Musa, (Berch fan Moazes), mar der binne folle mear plakken dy't oanspraak meitsje op it plak. Fêst stiet dat de berch earne lizze moat yn it grûngebiet dêr't eartiids de stam fan de Midianiten wenne. Op grûn fan stúdzje, ûndersyk en tal fan fynsten yn de jierren 1980 foege de Italjaan Emmanuel Anati de berch Karkom yn de Negev-woastyn yn Israel oan de list fan mooglike plakken ta.

Yn Eksodus 3:1 en 1 Keningen 19:8 wurdt Hoareb de "Berch fan God" neamd (of de Berch fan YHWH).

Op oare plakken yn 'e Bibel fine de foarfallen plak op de Berch Sinaï. De measte gelearden tinke dat Sinaï en Hoareb twa ferskillende nammen foar ien en itselde plak binne. Der binne lykwols ek guon dy't tinke dat it wolris twa ferskillende plakken west hawwe kinne.

De reformator Jehannes Kalvyn wie fan betinken dat it by Sinaï en Hoareb om deselde berch gyng. Neffens Kalvyn waard de eastlike kant fan de berch Sinaï neamd en de westlike kant Hoareb. De Spaanske rabbyn Abraham ibn Ezra stelde út dat it om ien berch gyng mei twa toppen, dy't foar de ferskillende nammen soargen.