Holikatsjûk (folk)

De Holikatsjûk (Ingelsk: Holikachuk; Holikatsjûk: Doogh Hit’an), of Innoko binne in lyts Yndiaansk folk yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Harren oarspronklike wengebiet leit yn it Binnenlân fan Alaska. Harren taal, it Holikatsjûk, dy't ta de Atapaskyske taalgroep hearde, stoar yn 2012 út. Der binne noch 180 Holikatsjûk.

Holikatsjûk
Holikachuk
flagge
populaasje
oantal 180 (2007)
taal Ingelsk, Holikatsjûk
godstsjinst animisme (fierhinne útstoarn)
kristendom
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten:
Alaska: 180

De Holikatsjûk (Ingelsk: Holikachuk) tankje har eksonym, de namme dy't bûtensteanders ornaris foar harren brûke, oan ien fan harren oarspronklike doarpen, dat Holikachuk (Hiyeghelinhdi) hiet. Dat doarp is no ferlitten. Se wurde soms ek Innoko neamd, nei de rivier de Innoko. Harren endonym, de namme dy't se foar harsels brûke, is yn it Holikatsjûk: Doogh Hit’an, útspr.: [toʁhət’an], likernôch: "tog huh-ttan" mei de o fan 'bok', de g fan 'bûge' en in ekstreem krêftige t).

De Holikatsjûk libben oarspronklik yn it Binnenlân fan Alaska, yn in gebiet om 'e boppe- en middelrin fan 'e rivier de Innoko hinne. Harren wichtichste doarp yn dy krite wie Holikachuk. Yn 1962 ferfear de hiele etnyske groep nei Grayling, in doarp oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Yukon, dat krekt binnen de regio Súdwest-Alaska falt. Grayling leit op likernôch 110 km fan 'e westkust fan Alaska, dêr't de Norton Sound, in see-earm fan 'e Beringsee, in ein yn it lân opsnijt.

 
In lânkaart dy't it oarspronklike wengebiet fan 'e Aatna (Ahtna) oanjout. It oarspronklike wengebiet fan 'e Holikatsjûk is op dizze kaart it gebiet mei nû. 6.

De Holikatsjûk binne in tige lytse etnyske groep, dy't yn 2007 út 180 persoanen bestie. Hja binne in Atapaskysk folk, dat fan âlds besibbe is oan û.m. harren eardere buorfolken yn it Binnenlân fan Alaska: de Ingalik (Ingalik), Koltsjan (Kolchan of Upper Kuskokwim) en Kojûkon (Koyukon). De Holikatsjûk binne fierhinne negearre of oer de holle sjoen troch antropologen, mei as gefolch dat der net folle fêstlein is oer harren kultuer. Yn it ferline waarden se by fersin (of foar it gemak) wol lykslein mei de Kojûkon.

Sûnt se yn Grayling kommen binne te wenjen, binne de Holikatsjûk sterk ûnder ynfloed kommen te stean fan 'e kultuer fan 'e Jûpik (Yup’ik), in subgroep fan 'e Eskimo's. Dêrby giet it, om sekuerder te wêzen, om 'e Middenalaskaanske Jûpik, yn waans oarspronklike wengebiet Grayling leit. De Holikatsjûk binne yn 'e Feriene Steaten in erkende minderheid, dy't wetlik fertsjintwurdige wurdt troch it Organisearre Doarp Grayling, in Yndiaanske stamme-organisaasje dy't federale erkenning genietet.

De eigen taal fan 'e Holikatsjûk is it Holikatsjûk. Dat is in Noardatapaskyske taal, besibbe oan 'e measte oare Yndiaanske talen fan Alaska. Ut 'e fierte is it ek besibbe oan û.o. it Sarsy (Sarcee) fan 'e Grutte Flakten en it Navaho fan it Súdwesten fan 'e legere 48 steaten. Yn 2012 stoar it Holikatsjûk út mei de dea fan 'e lêste sprekker. Nettsjinsteande dat krige it yn 2014 mei alle oare lânseigen talen fan 'e steat in offisjele status taparte yn Alaska.

Stamme-organisaasjes

bewurkje seksje
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
  Organisearre Doarp Grayling
Organized Village of Grayling
Holikatsjûk Alaska Grayling 180
  • Collins, Richard, The Native Americans: The Indigenous People of North America, Londen, 1995 (Salamander Books).
  • Snow, Jeanne H., Subarctic, yn: Sturtevant, W.C. (red.), Handbook of North American Indians, Vol. 6, Washington, D.C., 1981 (Smithsonian Institution)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.