Hongersneed op St. Lawrence
De hongersneed op St. Lawrence wie in hongersneed ûnder de Eskimo-befolking fan it eilân St. Lawrence, yn 'e Beringsee, dat ta de Amerikaanske steat Alaska heart. Dat barren fûn plak yn 'e perioade 1878-1880. Der kamen teminsten 1.000 minsken by om. Mooglike oarsaken wiene ûngewoane waarsomstannichheden, oerbefisking, sykte of negative aspekten fan it kontakt mei blanken.
hongersneed op St. Lawrence | ||
De lokaasje fan St. Lawrence (read) yn Alaska. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | hongersneed | |
oarsaak | ûndúdlik | |
datum | 1878 – 1880 | |
lân | Feriene Steaten ● Alaska | |
plak | St. Lawrence (eilân) | |
statistiken | ||
deaden | ±1.000 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wennen der op St. Lawrence likernôch 4.000 Jûpik (Yup’ik). De Jûpik binne in subgroep fan 'e Eskimo's. Op St. Lawrence gie it, om sekuerder te wêzen, benammen om Middensibearyske Jûpik, mei dêropta guon Middenalaskaanske Jûpik (dat binne folken dy't ferskillende talen sprekke). Hja wiene ferdield oer ferskate doarpen en libben fan 'e jacht op walrussen en walfisken en fan 'e fiskerij. Yn 1878 briek der op it eilân in hongersneed út. Wa't fan 'e eilânbewenners de mooglikheid hie om it eilân te ferlitten, naam de wyk nei it fêstelân fan Alaska of Sibearje. De oerbleaune 1.500 minsken wiene allegear Middensibearyske Jûpik.
It drama gie oan 'e bûtenwrâld foarby oant St. Lawrence yn 1880 oandien waard troch de USRC Thomas Corwin, in skip fan 'e United States Revenue Cutter Service. (Dat wie in yn 1915 ophefte dûanetsjinst dy't omfear mei lytse, bewapene sylskippen of cutters.) Nei't se ferskate doarpen besocht hiene rûsde de bemanning fan it skip dat fan 'e 1.500 eilânbewenners 1.000 minsken de hongerdea stoarn wiene. Ien fan harren skreau yn syn ferslach:
"Ik gie oan lân yn in plak oan 'e noardkust […] dêr't, bewuolle yn harren tekkens fan bûnt op sliepplatfoarmen likernôch 25 deade lichems fan folwoeksenen leine. […] In stikmannich milen eastlik dêrfan, lei oan 'e kust in oar doarp, dêr't ik 200 deade minsken oantrof. Yn in grut hûs waarden sa'n 15 lichems fûn, opsteapele as kachelhout."[1]
Oerlibbenen fertelden fan frjemde waarspatroanen dy't it jeien en fiskjen op 'e iepen see ûnmooglik makken. Nijsberjochten út dy tiid joegen de skuld oan blanke keaplju, dy't de Jûpik oan 'e drank brocht hawwe soene, mei as gefolch dat de jagers fersake hawwe soene om winterfoarrieden oan te lizzen. Oare faktoaren dy't nei de miening fan moderne histoarisy in rol spile hawwe kinne, binne oerbefisking fan 'e wetters om St. Lawrence hinne en de yntroduksje troch kontakt mei blanken fan besmetlike sykten as dysintery, de mûzels of reafûnk, dy't de minsken te swak makke hawwe kinne soene om te jeien. In protte doarpen op St. Lawrence waarden troch de hongersneed folslein ûntfolke.
Neisleep
bewurkje seksjeOp 23 july 1900 yntrodusearre de presbyteriaanske sindeling Sheldon Jackson rindieren op St. Lawrence. Dêrmei woed er derfoar soargje dat der nea wer hongersneed komme koe, om't de eilânbewenners tenei de rindierekeppels hawwe soene om op werom te fallen yn tiden dat de jacht en fiskerij net genôch iten leveren. Tsjin 1917 wiene der hast 10.000 rindieren op St. Lawrence, mar dat oantal is neitiid belune. De rindierhoederij is noch altyd in wichtich middel fan bestean op St. Lawrence.
Presidint Theodore Roosevelt rjochte yn 1903 op it eilân in reservaat foar de rindieren op. Dat wie goed bedoeld, mar smiet letter ûnfoarsjoene wetlike swierrichheden op foar de eilânbewenners doe't dy nei 1971 besochten om ûnder kêst 19 fan 'e Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) de rjochten op 'e grûn en op 'e ûndergrûnske dylchstoffen op St. Lawrence te bemachtigjen. Se moasten doe sjen te bewizen dat it reservaat oprjochte wie om 'e lânseigen befolking te ûnderstypjen, en net om 'e rindieren te beskermjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |