Hueronmar

(Trochferwiisd fan Huronmar)

De Hueronmar (Ingelsk: Lake Huron; Frânsk: Lac Huron), is ien fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 59.600 km². It djiptegemiddelde is 59 m, mei in djipste punt op 229 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dizze mar 295 km, en op it langste punt 332 km. As it neffens wetteroerflak metten wurdt, is it nei de Boppemar de grutste fan 'e Grutte Marren. Yn it noardwesten is de Hueronmar fia de smelle Strjitte fan Mackinac ferbûn mei de Michiganmar, dêr't it feitliken ien wetterlichem mei foarmet.

Hueronmar
De Hueronmar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
De Hueronmar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
geografy
type wetter mar
lokaasje easten fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
Kanada
koördinaten 44°8′N 82°4′W
ûnderdiel fan Grutte Marren
sifers
maks. lingte 332 km
maks. breedte 295 km
oerflak 59.600 km²
djiptegemiddelde 59 m
djipste punt 229 m
wetterfolume 3.543 km³
De kust fan 'e Hueronmar yn Opper-Michigan.

De Hueronmar wurdt oan 'e súdwestkant begrinzge troch de beide dielen fan 'e Amerikaanske steat Michigan (nammentlik Neder- en Opper-Michigan, dy't faninoar skaat wurde troch de Strjitte fan Mackinac), en oan 'e noardeastkant troch de Kanadeeske provinsje Ontario. Yn it noardlike part fan 'e mar leit it grutte eilân Manitoulin, dat it saneamde Noarderkanaal en de grutte Georgiaanske Baai skiedt fan 'e rest fan 'e Hueronmar.

De mar is neamd nei de Huroanen of Huerons, in ienris machtich Yndiaansk folk dat de krite noardeastlik fan 'e mar bewenne yn 'e tiid dat de earste Frânske ûntdekkingsreizgers dit diel fan Noard-Amearika besochten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.