Iced Earth
Iced Earth is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1984 yn Tampa. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Iced Earth út. De teksten fan de band gean benammen oer horror, fantasy, kriich, mytology en skiednis. Iced Earth hat tretjin studio-albums en twa live-albums útbrocht.
Iced Earth | ||
band | ||
Iced Earth yn 2013 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1984 – Status ûnbekend | |
label(s) | Century Media, Steamhammer | |
leden | ||
Sang, Gitaar & Toetsen | Jon Schaffer | |
Drums | Brent Smedley |
Skiednis
bewurkje seksjeIced Earth is yn 1984 troch gitarist Jon Schaffer oprjochten ûnder de namme The Rose, yn 1985 waard de namme feroare yn Purgatory, fanôf 1988 hjitte de band Iced Earth. Yn 1990 waard it album Iced Earth útbrocht, al rap dêrnei folge it twadde album Night of the Stormrider yn 1991. Nei it toernee folgjend op dit album gie de band twa jier lang mei skoft. Yn 1995 folge pas it tredde album Burnt Offerings. It fjirde album The Dark Saga út 1996 wue it earste mei drummer Mark Prator, en it lêste mei de âlde bassist Dave Abell, dy 't de groep ferliet nei it dien meitsjen fan de opnames. Hoewol 't Abell kreditearre waard foar it spyljen op it album, ferskynt bassist Keith Menser op de efterkant, omdat Century Media easke dat de toerende line-up fan de band op de hoes ferskine soe. Mar Menser waard ûntslein nei 't dúdlik waard dat er gjin fan de nûmers fan de band leard hie foar de toernee, hy waard ferfongen troch James McDonough, de nije drummer Mark Prator ferliet ek al gau wer de band en waard ferfongen troch Brent Smedley. Nei it barren fan 9/11 yn 2001 kaam sjonger Matt Barlow ta de konklúzje dat er bydrage woe oan de "echte wrâld". Barlow benadere Schaffer ein 2002 hjirmei, mar Schaffer oertsjûge Barlow om by de band te bliuwen. Doe 't Iced Earth begûn mei it opnimmen fan harren folgjende studioalbum The Glorious Burden, realisearre Schaffer him dat de sang fan Barlow net wie wat er winske; hy fûn dat it harren oan passy en kwaliteit ûntbruts, dus besleat er Barlow dochs gean te litten. Barlow waard in plysjeman by de plysje fan Georgetown. Hy waard by Iced Earth ferfongen troch Tim Owens. Yn 2021 ferlieten op drummer Brent Smedley nei, alle bandleden de band, neidat dúdlik wurden wie dat Jon Schaffer belútsen wie by de Bestoarming fan it Kapitoal ek it platenlabel Century Media ferskuorde it kontrakt dat hja hiene mei Iced Earth.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Iced Earth | novimber 1990 | Century Media | |
Night of the Stormrider | 11 novimber 1991 | ||
Burnt Offerings | 1 maart 1995 | ||
The Dark Saga | 20 maaie 1996 | ||
Something Wicked This Way Comes | 22 juny 1998 | ||
Horror Show | 25 juny 2001 | ||
Tribute to the Gods | 21 oktober 2002 | ||
The Glorious Burden | 12 jannewaris 2004 | Steamhammer | |
Framing Armageddon (Something Wicked - Part 1) |
7 septimber 2007 | Setian Massacre, Ten Thousand Strong | |
The Crucible of Man (Something Wicked - Part 2) |
5 septimber 2008 | I Walk Alone, Setian Massacre | |
Dystopia | 17 oktober 2011 | Century Media | |
Plagues of Babylon | 6 jannewaris 2014 | The Culling | |
Incorruptible | 16 juny 2017 |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Alive in Athens | 19 july 1999 | Century Media |
Live in Ancient Kourion | 15 april 2013 |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
Days of Purgatory | 20 maaie 1997 |
The Blessed and the Damned | 26 july 2004 |
Enter the Realm of the Gods | 31 maart 2008 |
The Chronicles of Darkness | july 2017 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|