Ida Gerhardt

(Trochferwiisd fan Ida G.M. Gerhardt)

Ida Gardina Margaretha Gerhardt (Gorinchem, 11 maaie 1905 - Warnsveld, 15 augustus 1997) wie in Nederlânsk dichteres en klassika. Neist har eigen wurk hat se literatuer út it Latyn en it Hebriuwsk oerset.

Ida Gerhardt
skriuwer
Ida Gerhardt yn 1968
Ida Gerhardt yn 1968
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ida Gardina Margaretha Gerhardt
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 maaie 1905
berteplak Garkum
stoarn 15 augustus 1997
stjerplak Warnsveld
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzy, oersettingen
perioade 20e iuw
tema's sjoch tekst
prizen Marianne Philipspriis, P.C. Hooftpriis, Martinus Nijhoffpriis e.o.

Koarte biografy

bewurkje seksje

De âlden fan Ida Gerhardt wiene Dirk Reinier Gerhardt en Grietje Blankevoort, dy't boasken yn 1898 en yn Amsterdam wennen. Harren bern wiene Truus (1899), Everardus (1901), dy't mar ien dei it libben hâlden hat, en Ida (1905). De hûshâlding wie yn 1904 nei Gorinchem ferfard, om't Dirk Gerhardt dêr wurk fûn hie as direkteur fan in Ambachtsskoalle. De susters Truus en Ida wiene learderich, wat harren mem net noaske; Ida hie dan ek in minne ferhâlding mei har.

Yn 1916 gong Ida, tsjin it sin fan har mem, nei it Erasmiaansk Gymnasium yn Rotterdam, dêr't hja ûnder oaren les krige fan de dichter J.H. Leopold, dy't Ida en ek har lettere libbensgesel Marie van der Zeyde de leafde foar de klassike letteren, filosofy en poëzij bybrocht.

Oan de ein fan de jierren 80 waard de dichteres erchtinkend en gie hja mentaal efterút. Sy stoar yn 1997 yn in fersoargingshûs. Marie van der Zeyde wie al yn 1990 wei rekke.[1]

Klassike talen

bewurkje seksje

Neidat Ida yn 1924 har eineksamen dien hie, gie sy nei Leiden om âlde talen te studearjen. Yn dy snuorje waard har mem geastlik siik en moast hja opnaam wurde yn in ynrjochting, in yngeand barren dêr’t Gerhardt letter yn it gedicht ‘’De Mantel’’ oer ferhellet. Krekt letter waard Ida út it âlderlik hûs set, krige gjin finansjele stipe mear en moast se nei Utert om fierder te studearjen. Dêr moete se Marie van der Zeyde wer, dy’t se ien fan har betide gedichten lêze liet.
Yn 1933 slagge Ida foar har doktoraal, mar dêr wiene gjin banen foar har op dat stuit, it wie krisistiid. Sy waard wurkleas en ferearme. Wol mocht se yn 1934 wer thús komme, wêrnei’t har mem rillegau kaam te ferstjerren. Dan, yn 1935, begjint Ida serieus mei it dichtsjen en skriuwen. Har ek dichtsjende suster Truus publisearre doe al har earste bondel ‘’De engel met de zonnewijzer’’. In jier letter waard Ida’s gedicht ‘’Kinderspel’’ yn it tydskrift ‘Tijd en Taak’ pleatst. Marie van der Zeyde wurke foar dat blêd. Lang om let krige sy doe work oan it Stedelijk Gymnasium yn Grins en gie hja ek fierder mei dichtsjen.
In negative krityk fan Marie van der Zeyde op Truus har twadde bondel ‘’Laagland’’ (1937) die de ferhâlding fan Truus en Ida gjin goed. Wilens sette Ida it leardicht ‘’De Rerum Natura’’ fan Lukretius oer dêr’t hja yn 1942 op promovearje soe. Yn 1940 wurdt Ida dosint oan it Gemeentelijk Lyceum te Kampen, dêr’t se opfalt troch har grutte ynset. Dêr ûntstiet ek har grutte leafde foar it wetterrike lânskip dat hja yn de lettere gedichten yngeand stâl jûn hat.

Ida Gerhardts earste boek - de bondel Kosmos - ferskynde op 9 maaie 1940, ien dei foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich. De besetting ynspirearre har ta ien fan har ferneamdste gedichten, 'It Kariljon', dat yn 1945 ferskynde yn har twadde bondel: 'It Fearhûs'. Foar dizze bondel krige se de Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis, mar Ida's famylje misgunde it har. Gerhardt sette lykwols troch en skreau yn Kampen noch trije dichtbondels en hja sette de Georgica fan Vergilius oer yn 't Nederlânsk.

Yn 1951 waard Ida frege om har wize fan lesjaan, dy't hja yn Kampen ûntwikkele hie, ta te passen by de Werkplaats Kindergemeenschap fan Kees Boeke. Sy soe dêr dan lieding jaan oan in gymnasiumôfdieling. Yn 1953 ferstoar har heit en yn 1955 ferskynde de bondel 'It Libbene Monogram' (Het Levend Monogram), wêryn't hja de (muoisume) ferhâlding ta har âlden beskreau:

Ik - vriend van stilte, dier en plant,
schreef naar zijn wil, met grijze haren,
de gruwelen van mijn kinderjaren
op deze doortocht naar zijn land...

Yn de jierren santich en tachtich waard Ida Gerhardt mear en mear bekend as skriuwster, mei troch de geunstige resinsjes fan Kees Fens en oaren. It gedicht De Akelei, kaam yn de 60er jierren al yn karlêzingen en waard lêzen op middelbere skoallen. Har troch Johan Polak útjûne klassike dichtbondels hellen regelmjittich werprintingen. Yn 1980 ferskynde de it mânske 'Samle gedichten (Verzamelde gedichten) foar it earst, dat sûnttiids acht kear yn sechtjen jier werprinte is.

Betsjutting fan har wurk

bewurkje seksje

Ida Gerhardt skriuwt yn krêftige wurden oer tema's as: de spannings fan in ûngelokkige jeugd, hypokrisy, en it ferlern gean fan it âlde Hollânske lânskip. Guon fine har tematyk beheind, sa as Hans Warren. Har stylfoarm is klassyk, ûntliend oan dy fan de klassike dichters en skriuwers. Sy fette it dichterskip tige heech op, seach it as in fan God jûn talint. Gerhardt wie leauwich, sa't bliken docht út har wurk, mar stie kritysk foar de benyptens fan it ortodokse kalvinisme oer. Hja bleau trou oan in tradisjonele styl, dy't hja wist te behearskjen en te fernijen.

  • 1940 - Kosmos
  • 1945 - Het veerhuis
  • 1947 - Buiten schot
  • 1948 - Bij de jaarwende
  • 1949 - Kwatrijnen in opdracht
  • 1949 - Vergilius' Het boerenbedrijf (Georgica)
  • 1951 - Sonnetten van een leraar
  • 1955 - Het levend monogram
  • 1956 - De argelozen
  • 1961 - De hovenier
  • 1966 - De slechtvalk
  • 1970 - De ravenveer
  • 1971 - Twee uur: de klokken antwoordden elkaar
  • 1974 - Vijf vuurstenen
  • 1978 - Vroege verzen
  • 1979 - Het sterreschip
  • 1980 - Nu ik hier iets zeggen mag (foardrachten)
  • 1980 - Verzamelde gedichten
  • 1980 - Dolen en dromen
  • 1983 - De zomen van het licht
  • 1988 - De adelaarsvarens
  • 1996 - Hoefprent van Pegasus
  • 1999 - Verzamelde gedichten (trije dielen)
  • 2001 - Zeven maal om de aarde te gaan

Oersettingen

bewurkje seksje
  • 1942 - Lucretius: de natuur en haar vormen, boek I en boek V. Vertaling en verantwoording (Proefskrift Utert; oers. 'De Rerum Natura'), Kok: Kampen 1942. (Foar in diel fannijs: Arnhim: Van Loghum Slaterus 1946)
  • 1972 - De Psalmen, út it Hebriuwsk oerset troch Ida Gerhardt en Marie van der Zeyde, Wageningen: Katolike Bibelstifting en Nederlânsk Bibelgenoatskip
  • 1994 - Het Boerenbedrijf, oersetting fan Vergilius' 'Georgica', Amsterdam: Athenaeum-Polak & Van Gennep

Oer Ida Gerhardt

bewurkje seksje
  • Anneke Reitsma, In de taal zelf verscholen : over de poëzie van Ida Gerhardt (Amsterdam : Arbeiderspers, 1983)
  • Marie Helene van der Zeyde, De wereld van het vers : over het werk van Ida Gerhardt (Amsterdam : Athenaeum—Polak & Van Gennep, 1985)
  • Ad ten Bosch, Gebroken lied : een vriendschap met Ida Gerhardt (Amsterdam : Athenaeum/Polak & Van Gennep, 1999)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch foar in beskriuwing fan de jûn fan Gerharts libben: Hans Werkman, Uren uit het leven van Ida Gerhardt, Baarn: De Prom 1997.