Iepenbier akwarium
In iepenbier akwarium of publyk akwarium is in type dieretún (of in ûnderdiel fan in 'gewoane' dieretún) dat spesjalisearre is yn it toanen fan bisten en planten dy't ûnder wetter libje. Dêrta is sa'n bedriuw tarist mei teminsten ien, mar ornaris in stikmannich akwaria: grutte bakken mei wetter wêryn't de bisten en planten libje, mei teminsten ien trochsichtige kant, dêr't it publyk troch nei binnen sjen kin. Yn iepenbiere akwaria wurde oer it algemien gruttere bisten holden as men by minsken thús yn in privee-akwarium sjocht. Dêrby giet it om fisken (lykas haaien en roggen), mar ek om wringeleazen, amfibyen, akwatyske reptilen (lykas skylpodden), otters, pinguïns en seesûchdieren (lykas seehûnen, seeliuwen en dolfinen). In iepenbier akwarium wêryn't dolfinen of oare walfiskeftigen holden wurde, hjit in dolfinarium.
It earste iepenbiere akwarium fan 'e wrâld wie it saneamde Fish House, dat yn maaie 1853 troch de Ingelske biolooch Philip Henry Gosse iepene waard 'e London Zoo yn 'e Britske haadstêd Londen. Yn 1856 rjochte sirkusdirekteur en ûndernimmer P.T. Barnum oan Broadway yn New York Barnum's American Museum op, dat it earste iepenbier akwarium fan 'e Nije Wrâld omfieme foar't it yn 1865 ôfbaarnde. Neitiid folgen de Aquarial Gardens yn Boston (1859) en ferskate akwaria op it fêstelân fan Jeropa, lykas de Jardin d'Acclimatation yn Parys (1860). Yn Nederlân waard yn 1882 it earste iepenbier akwarium iepene as ûnderdiel fan Artis yn Amsterdam.
Oant syn sluting yn 2013 wie it âldste iepenbier akwarium yn 'e Feriene Steaten it National Aquarium in Washington, D.C., dat oprjochte wie yn 1873. It grutste wie lange tiid it Shedd Aquarium (1929) yn Chicago, oant yn 2005 it Georgia Aquarium yn Atlanta iepene waard, wêrfan't de ferskate akwaria yn totaal 30 miljoen liter wetter befetsje. Oare bekende Amerikaanske iepenbiere akwaria binne it New York Aquarium yn New York (1896), it Belle Isle Aquarium yn Detroit (1904), it Waikiki Aquarium yn Honolulu (1904), it Steinhart Aquarium yn San Francisco (1923) en it Monterey Bay Aquarium yn Monterey (1984). It âldste iepenbier akwarium fan Aazje is it akwarium fan 'e Ueno-Zoo yn it Japanske Tokio, dat yn 1882 syn doarren iepene. Anno 2020 is it grutste iepenbiere akwarium fan 'e wrâld it Chimelong Ocean Kingdom yn it Sineeske Hengqin, mei in samling akwaria dêr't yn totaal 48,75 miljoen liter wetter yn sit. It op ien nei grutste is it Marine Life Park yn Singapoer mei 45 miljoen liter wetter yn syn akwaria en mear as 100.000 bisten fan 800 ûnderskate soarten.
Galery
bewurkje seksje-
it grutste akwarium yn it Dubai Mall Aquarium yn Dûbai
-
in tunnel dwers troch in akwarium yn it Georgia Aquarium yn Atlanta
-
It grutte akwarium fan it Baltimore Aquarium yn Baltimore
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|