Eardske
In eardske, ierdman, ierdmantsje of eardman is yn it folksleauwe fan Fryslân en de rest fan 'e Lege Lannen in type mytysk wêzen dêr't it bestean sûnt de Midsiuwen yn folksferhalen fan oerlevere is. Sokke wêzens komme sterk oerien mei de goblins út 'e folkloare fan 'e Britske Eilannen en de kolbolden út it Dútske taalgebiet.
Eardsken soene tahâlde yn hoalen yn 'e grûn; dêrfandinne harren namme. Ornaris binne eardsken meunsterlike wêzens, hoewol't se beskreaun wurde mei ferskate en faak tsjinstelde lichemsskaaimerken en karaktertrekken. Lykwols binne se hast altyd lytser fan stal as minsken, grotesk fan uterlik, en fan karakter ûndogensk of planút kweadaardich. Ek binne se hast altyd ynklauwerich, benammen as it om goud of juwiellen giet. Fierders besitte se gauris it fermogen om betsjoenings op te lizzen.
Wenplak
bewurkje seksjeNeffens guon Fryske folksferhalen soene eardsken ûnder de hurdkûle libje en klaaid wêze yn in soldatepak. Dêrom waarden se foarhinne ek wol 'soldaatsjes' neamd. Minsken mei boppenatuerlike jeften koene de eardske út de hoale roppe. De eardsken wisten fan ferburgen skatten, en nachtlike aktivens op 'e pleats waard oan harren taskreaun.
Eardsken wennen ek yn 'e bosk fan Aldemardum en yn in stik lân by Skerpenseel. De lokalisaasje fan eardsken yn Sint-Nyk wie net neffens de Fryske tradysje, mar kaam ynstee fuort út in koart ferhaal dat yn 1879 skreaun waard troch Lútsen Wagenaar.
Ierdmanspypke en ierdmanspot
bewurkje seksjeBy it ploeien of by it ôfbrekken fan âlde huzen wurde faak koarte tsjûke liemen pypkes fûn. Foarhinne waard sein dat de eardsken dêrút smookt hiene. Fierders tsjutte men yn it ferline ek wol diggelguod, dat út 'e grûn kaam, oan as 'ierdmanspot'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|