Indian River Reservaat

It Indian River Reservaat (Ingelsk: Indian River Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, deunby it doarp Port Carling. It leit oan 'e iggen fan 'e rivier de Indian River en fan 'e Rosseau-mar en wurdt omjûn troch it grûngebiet fan 'e gemeente Muskoka Lakes.

Indian River Reservaat
Indian River Reserve
polityk
haadplak — (ûnbewenne)
stamme Tsjippewa's fan Rama
Wahta Mohôks
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Muskoka
sifers
ynwenners 0 (ûnbewenne)
oerflak 0,01 km²
bef.tichth. n.f.t.
oar
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
kaart
Indian River Reservaat (Ontario)
Indian River Reservaat
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Indian River Reservaat hat in oerflak fan persiis 1 ha, en leit binnen de grinzen fan it distrikt Muskoka, hoewol't it dêr bestjoerlik fierhinne los fan stiet. It reservaat hat gjin permaninte bewenners, en wurdt dield troch twa Yndiaanske stamme-organisaasjes, te witten: de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje, wêrfan't de leden út etnyske Odjibwe (Ojibwe) of Tsjippewa (Chippewa) besteane, en de Wahta Mohôks, wêrfan't de leden etnyske Mohôk (Mohawk) binne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

(in) Profyl fan it Indian River Reservaat op 'e webside fan Indigenous and Northern Affairs Canada

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.