Into the Great Wide Open

Into the Great Wide Open, gauris ôfkoarte ta ITGWO, is in trijedeisk muzykfestival dat elts jier yn it earste wykein fan 'e moanne septimber holden wurdt op it Fryske Waadeilân Flylân. De namme fan it evenemint is in ferwizing nei it album mei deselde namme fan Tom Petty. It betsjut letterlik: "De Grutte Utstrutsen Iepen Romte Yn". Into the Great Wide Open bestiet sûnt 2009 en stelt popmuzyk sintraal. Dêrnjonken hat it festival in râneprogrammearring mei byldzjende keunst, film, oare kulturele ûnderwerpen en aktiviteiten foar bern. Der komme elts jier sa'n 6.000[1] oant 7.000[2] minsken op Into the Great Wide Open ôf. Flylanners meie der fergees hinne, wat yn 2018 750 fan harren diene (sadat dat jiers It totale besikersoantal útkaam op 7.750).

Into the Great Wide Open
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Flylân
plak East-Flylân
tiid fan it jier 1e wykein fan septimber
bysûnderheden
ôfkoarting ITGWO
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 2009 – no
offisjele webside
intothegreatwideopen.nl

Neiere beskriuwing

bewurkje seksje

Oars as in soad oare muzykfestivals rjochtet Into the Great Wide Open him op kultuerleafhawwers mei of sûnder bern, dy't op 'e siik binne nei mear djipgong yn 'e festivalûnderfining, mar tagelyk ek nei rêst, natoer en diversiteit. It evenemint hat de namme dat it fral 'hipstergesinnen' út Hollân lûkt, mar yn 2018 trof sjoernalist Jacob Haagsma fan 'e Ljouwerter Krante der ek in soad Friezen en Grinslanners oan. It evenemint wurket gear mei Camping De Stortemelk, dêr't in grut diel fan 'e festivalgongers ûnderdak fynt. De eigentlike muzykoptredens fine elts jier plak op ferskate lokaasjes op Flylân.

De haadlokaasje wurdt altyd foarme troch it sportfjild fan East-Flylân, dêr't in poppoadium, iterij en keunst foar en troch bern te finen is. Dêrnjonken binne der ek poadia yn 'e bosk, by de iisbaan en yn 'e dunen. Fierders wurde soms optredens organisearre yn 'e tún fan 'e Nikolaastsjerke, yn it tsjerkegebou sels of op oare plakken binnen de beboude kom fan East-Flylân. Inkele muzikanten dy't alris op Into the Great Wide Open optreden hawwe, binne Meindert Talma, múm, Caitlin Rose en Agnes Obel. Under it festival is der ek elts jier in keunstrûte útset op it eastlike diel fan Flylân.

Yn 2011 wûn Into the Great Wide Open in Izeren Poadiumdier yn 'e kategory bêste festival yn Nederlân. Op Flylân sels is lykwols geregeldwei ûntefreden gefoeter oer it evenemint te hearren, dat foar lûdsoerlêst soargje soe, tefolle romte yn beslach nimme soe, tefolle minsken nei it eilân bringe soe en dêr't de pleatslike middenstân net genôch fan profitearje soe. Dêrfandinne dat de organisaasje by de tsiende edysje, yn 2018, de ynwenners fan East-Flylân mear by it festival besocht te belûken.

Bern wurde op Into the Great Wide Open sjoen as folweardige festivalgongers. Foar harren set de organisaasje in útdaagjend kultueredukatyf program op, wêrby't keunstners foar harren in stimulearjend om-en-by skeppe, mei in breed oanbod oan spannende en/of fermaaklike aktiviteiten.

Artist in residence

bewurkje seksje

Elts jier nûget de organisaasje fan Into the Great Wide Open in keunstner út om in perioade foarôfgeande oan it festival op Flylân troch te bringen. Yn dy tiid kin hy of sy dan as offisjele artist in residence wurk ûntwikkelje dat op it festival oan it publyk presintearre wurdt.

Ferslachjouwing

bewurkje seksje

Sûnt de earste edysje fan Into the Great Wide Open is 3voor12 fan 'e VPRO de offisjele mediapartner fan it festival. Under en nei it evenemint publisearret 3voor12 yntegrale fideoferslaggen fan optredens fia syn webside.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1347.
  2. Haagsma, Jacob, ITGWO: Plek en sfeer tillen artiesten op, yn: de Ljouwerter Krante, 3 septimber 2018, s. 23.