It Libben fan Gregoarius, Abt fan Utert
It Libben fan Gregoarius, Abt fan Utert, yn it oarspronklike Latyn: Vita Gregorii Abbatis Traiectensis, is in hilligelibben of hagiografy oer de kristlike biskop, sindeling en hillige Gregoarius fan Utert (±700-±775). It is skreaun troch de Fries Liudger, in learling fan Gregoarius, dy't sels in noch ferneamder sindeling en de earste biskop fan Múnster waard. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma kaam út yn 1997.
It Libben fan Gregoarius, Abt fan Utert | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Vita Gregorii Abbatis Traiectensis | |
auteur | Liudger | |
taal | Latyn | |
foarm | hilligelibben | |
skreaun | 775-800 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Libben fan Gregoarius Abt fan Utert | |
publikaasje | 1997, Boalsert | |
útjouwer | It Wite Boekhús | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 9 07 03 65 855 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeGregoarius fan Utert wie de mentor fan Liudger, en hat him yn syn jonkheidsjierren sasear foarme, dat Liudger nei Gregoarius syn dea it gefoel hie dat er wol in hilligelibben oer him skriuwe mòàst, om dejingen dy't him net kend hiene in byld fan 'e man te jaan. Der binne lykwols noch wol guon kanttekenings by syn wurk te pleatsen. Gregoarius sels hie in learling fan Bonifatius west, en hie sa bot ûnder dy syn ynfloed stien, dat Liudger grif oates en toates mei ferhalen oer him om 'e earen slein wie. Dy teltsjes naam er letter foar in part ek op yn syn hilligelibben fan Gregoarius, mar wat dêryn oer Bonifatius op 't aljemint brocht wurdt, is dreech yn te passen yn 'e libbensbeskriuwing dy't Willibald fan Mainz yn syn Vita Bonifatii fan 'e man jout. Histoarisy hawwe sadwaande fraachtekens pleatst by de gronologyske folchoarder dy't Liudger oanhâldt.
In oar punt fan omtinken is dat Liudger syn eigen bertekrite wol net sa goed liket te kennen. Yn haadstik 10 tsjut er Utert oan mei de namme "Wiltenburch". Yn syn ynlieding ta Liudger en Gregorius freget Harm Oldenhof him ôf oft Liudger yn dizzen soms tefolle stipe op 'e haperjende ierdrykskundige kennis fan 'e Angelsaksyske kronykskriuwer Beda. Ek oppenearret er de mooglikheid dat it hjir om 'e "korrizjearjende" ynfloed fan in lettere kopiïst giet.
Nijsgjirrich is fierders dat Liudger tusken de libbensbeskriuwing fan Gregoarius en de ferhalen oer Bonifatius troch romte fynt om hiel wat teologyske kennis op te hoastjen, dy't er gauris fêstleit yn 'e foarm fan sitaten út 'e Bibel. Dêrby bringt er op ûnbeskromme wize kwestjes op 't aljemint dy't neitiid ta ûnderwerp fan stideraasje waarden, lykas de wearde fan it gebed en de ferlossing troch goede wurken (ynstee fan inkeld troch leauwen).
Ynhâld
bewurkje seksjeNei in fromme ynlieding dy't wol wat wei hat fan in koarte preek, stekt Liudger fan wâl mei de eigentlike libbensbeskriuwing fan Gregoarius. Dy kaam út in eal Frankysk laach te Trier. Doe't er in opslûpen jonge fan jier as fjirtjin, fyftjin wie, mette er foar it earst Bonifatius, dy't op trochreis yn it kleaster fan Gregoarius syn beppe Addula ferbleau en preke. Gregoarius rekke sa ûnder de yndruk fan 'e man, dat er Bonifatius folge doe't dy wer fierder reizge, en sa syn learling waard. Yn 'e jierren dêrnei folge Gregoarius syn master op al syn reizen en by al syn krewearjen, benammen yn Hessen, Tueringen en Fryslân. Ek op 'e reis nei Rome wied er by him. Inkeld op Bonifatius syn lêste reis, dy't einige mei syn dea by Dokkum, yn 754, beselskippe Gregoarius him net. Doe't er dêrnei in opfolger foar Bonifatius en syn krektlyk omkommen plakferfanger Eoban foar de biskopssit fan Utert socht wurde moast, foel de kar as fansels op Gregoarius. Dy hold lykwols út, hy wie dêr lang net goed genôch foar. Dat ynstee fan ta biskop wijd te wurden, bewekke er tweintich jier lang in lege biskopssit as in soarte fan biskoplik steedhâlder, oant syn dea om 775 hinne.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan 'e Vita Gregorii Abbatis Traiectensis ferskynde yn 1997 ûnder de titel It Libben Gregoarius, Abt fan Utert, as ûnderdiel fan it boekje Liudger en Gregorius, by It Wite Boekhús te Boalsert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, en der wie in ynformative ynlieding tafoege, skreaun troch Harm Oldenhof.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|