Het Paradijs is in gebiet tusken Barneveld en Terschuur yn de provinsje Gelderlân. It bestiet no út meardere lângoeden, dy't begjin 20e iuw ûnderdiel wienen fan it noch gruttere lângoed "Erica". Dit rûn oant de Achterveldse wei en oan beide kanten fan de Kallenbroekerwei, en ek it diel Erica-Noard, dat no fan it Gelders Landschap is.

De oarspronklike eigener fan dit ‘paradys’ kocht destiids grutte stikken heide (fandêr de namme Erica) mei de bedoeling der in moai jachtfjild fan te meitsjen. De heide waard stadichoan ûntgûn. Der kamen bosken en tarwefjilden, ôfiksele mei greide en leanen waarden oanlein. Sa ûntstie in kûlisselânskip fan no.

Twa Barneveldske beken (âlde en nije) dy't troch Erica rûnen, soargen foar fegetaasje en droegen by oan de "paradyslike" sfear krektas it wyld en de fûgel. Sadwaande ûntstie de namme it ‘Paradys’. Der waarden pleatsen boud en hôvings oanlein. Der kaam in jachthûs (no Groot Bielder), mei sels in golfbaan, en der waarden fazanten útsetten. Ek waard "Jachtlust" oan de oare kant fan de Kallenbroekerwei boud omdat der in jachtopsjenner nedich wie.

Troch in dochter waard in simmerhûs boud, dy't yn de fyftiger jierren 50 Hongaarske bern fakânsje besoarge yn "Het witte huis ", en Het Groene huis". It lângoed “Erica-Súd”, hast 60 ha grut, is it ienige diel dat no noch famyljebesit is en bewenne wurdt troch ien fan de eigeners, waans betoerpake de stichter fan “Erica” wie. "Erica-Súd" hat, trochdat it al sûnt midden foarrige iuw in iepensteld NSW Lângoed is, in lange tradysje fan it dielen fan syn "Paradyslike dékor". Ommers generaasjes fan de buorlju fan Kallenbroek en de Barneveldse befolking en toeristen, hawwe hjir fytse en wannelje kind.

De Barneveldse beek bewurkje seksje

 
Barneveldse Beek

Troch it natoergebiet rint de Barneveldse Beek dy't troch it wetterskip foar in part ynrjochte is as ferbiningssône. De beek hat licht ôfrinnende ouwers en steile binnenbochten krigen. Lâns de beek binne ek houtwâlden, wiete greiden, puollen en njonkengeulen oanlein. Hjir en dêr hat it wetterskip sels de âlde beekloop opgroeven en it natoerlike lykwicht yn it stroomgebiet werom te bringen foar planten en bisten. De soarchbuorkerij leit flakby de lytse Barneveldse beek, in ôftûking fan de ‘Barneveldse Beek”. De eardere beekbêding fan de Lytse Barneveldse Beek en it kanaal is yn de jierren fyftich fan de foarrige iuw groeven. Yn dy tiid binne in soad kronkeljende beken rjochtlutsen om it oerskot oan wetter hurd ôffiere te kinnen. Dêrby waard net folle rekken hâlden mei de natoerwearden mei as gefolch dat de natoer lâns de Lytse Barneveldse Beek de lêste desennia ferdrûge is. Wetterskip Vallei & Eem hat yn 2007 in nije stuw oanlein de âlde meander fan de Lytse Barneveldse Beek wer yn eare hersteld. Yn dizze nije situaasje wurdt de aorspronklike beekbêding wer brûkt en is der by in soad reinwetter in oerstoart mooglik nei de ferkavele beek. Dizze maatregelen moatte soargje dat de ferdrûging bestriden wurdt en de natoer- en lânskiplike wearden wer tanimme sille. Troch de bochten yn de beek ûntsteane djippe gedieltes yn de bûtebocht en sânbanken yn de binnenbocht. It ferskil yn djipte en streaming lûkt in protte bysûndere planten en bisten oan. Sa hat de iisfûgel, nei ôfwêzichheid fan tritich jier, wer brieden yn de steile kant lâns de beek.

Fûgels bewurkje seksje

Yn it Paradys binne in soad nêstkasten foar fûgels op ferskillende hichtes oan beammen ophong. De nêstkasten wurde ophong en beheard troch it IVN- Barneveld. Elk jier wurde der yn it briedseizoen 2 of 3 nestkastkontroles dien. Dêrby wurdt fêststeld en notearre: troch hokker fûgel wurdt de kast brûkt, hoefolle aaien sitte yn it nêst en hoefolle jongen sitte der yn it nêst.

Deksânrêgen bewurkje seksje

Geomorfologysk bestiet it gebiet út deksânrêgen, al as net bedekt mei âld boulândek. De deksânrêgen binne terreinferheffingen mei flauwe hellingen, dy't foar it meatepart troch de wyn foarme binne. Fierders binne der dalfoarmige leechten sûnder fean, der binne lytse hichteferskillen. Se binne meast ûntstien troch it ôfstreamen fan teiwetter oer de djip beferzen ûndergrûn (iistiid).

De boaiem bewurkje seksje

De boaiem bestiet út hege enkeardgrûn en kalkleaze sângrûnen (beekeardgrûn). De enkeardgrûnen binne ûntstien troch stadige opheging fan de ûntgûne grûn mei materiaal út de potstâl. Der waard stâldong mingd mei struisel en sân brûkt. Dit mingsel waard jierliks op in lyts stik bou brocht, wêrtroch't it lân hiel stadichoan ferhege waard. As basismateriaal waarden seadden brûkt út de beekdalen, boskstruisel en heideseadden.

Klompepaad bewurkje seksje

De start is leit tusken Achterveld en Barneveld yn by de pleats Vanelly. Erica-Súd hat ek meiwurke oan in 10 kilometer lang Klompepaad. De rûte giet ek troch lângoed Lyts Bylaer. Yn it gebiet komme ûnder oare reeën, hazzen, iikhoarntsjes foar. Der binne mear as 200 plantesoarten, wêrfan guoddens op de reade list steane. Krektas op alle klompepaden binne hûnen net tastien. Ek oanline binne se net wolkom omdat de paden faak oer partikuliere grûnen rinne en se wilde bisten en it fee skrikke litte kinne. Boppedat binne boeren ek bang dat hûnen syktes oerbringe sille.

Soarchbuorkerij It Paradys bewurkje seksje

Ten westen fan Barneveld yn ‘Erica-Súd’ stiet in soarchbuorkerij. De eardere "Nij Bylaer" is in biologyske pleats dêr't brânreade kij hâlden wurde. Der is in túnkerij dêr't ferskate soarten griente en hurd fruit, (lykas appels en parren) en sêft fruit (ierdbeien, framboazen, brombeien en beien), ferboud wurde. Der binne ek ponny’s, (sier)plomfee, geiten, bargen, kninen en kavia’s.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: