Jämtlands län
Provinsje
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Norrland
Lânskip Dalarna
Hälsingland
Härjedalen
Jämtland
Lappland
Ångermanland
Koördinaten 63° 17′ NB 14° 14′ EL
Residinsjestêd Östersund
Landsting Regio Jämtland Härjedalen
Oerflak 49.443 km²
Ynwennertal 129.806  (31-12-2017)
Befolkingstichtens 2,63 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Jämtlands län (letterlik: "Provinsje Jamtlân") is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en beslacht de lânskippen (ek wol histoaryske provinsjes) Jämtland en Härjedalen, lykas lytse parten fan Hälsingland, Ångermanland, Lappland en Dalarna. Mei in oerflak fan 49.443 km² is Jämtlands län de tredgrutste provinsje fan it lân. It provinsjebestjoer is fêstige yn Östersund.

Jämtlands län is in tige tinbefolke provinsje mei minder as 3 ynwenners per kante kilometer. De measte minsken wenje om Storsjön (Frysk: de Grutte Mar) hinne.

Op 31 desimber 2016 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wat ynwennertal oanbelanget de grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal
1 Östersund 50.397
2 Strömsund 3.722
3 Åre 2.925
4 Sveg 2.550
5 Krokom 1.921
  Provinsjes fan Sweden  
BlekingeDalarnaGotlandGävleborgHallandJämtlandJönköpingKalmarKronobergNorrbottenSkåneStockholmSödermanlandUppsalaVärmlandVästerbottenVästernorrlandVästmanlandVästra GötalandÖrebroÖstergötland
  ·   ·