Maarten Biesheuvel
Jacob Martinus Arend (Maarten) Biesheuvel (Skiedam, 23 maaie 1939 - Leien, 30 july 2020) wie in Nederlânsk skriuwer. Hy debutearre mei de ferhalebondel In de bovenkooi (1972), wêrmei't er fuortendaliks namme makke. Hy publisearret as J.M.A. Biesheuvel.
Maarten Biesheuvel | ||
skriuwer | ||
Biesheuvel mei it boekewikepresint fan 1988 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | J.M.A. Biesheuvel | |
echte namme | Jacob Martinus Arend Biesheuvel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 maaie 1939 | |
stoarn | 30 july 2020 | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Koart ferhaal, parody | |
útjouwer | J.M. Meulenhoff, Van Oorschot | |
prizen | P.C. Hooft-priis 2007 | |
jierren aktyf | 1972 - 2029 | |
offisjele webside | ||
http://jmabiesheuvel.deds.nl/ |
Libben
bewurkje seksjeBiesheuvel studearre Rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien fan 1960 ôf, en waard lid fan de studinteferiening Catena. Hy skreau foar it ferieningsblêd en foar it Leids Universiteits Blêd. Biesheuvel hie in bysûndere relaasje mei de jurist en essayist Huib Drion en mei de heechleraar Russyske literatuer Karel van het Reve (waans kolleezjes hy folge). Hy neamde him God en hie in yngeande korrespondinsje mei Van het Reve, dy't Biesheuvel syn bysûndere talint erkende.
Hy hat oan it Rapenburg, de Nieuwe Rijn en de Brahmsloane wenne, en wennet anno 2018 noch hieltyd yn Leien, yn in houten hûske mei de namme 'Sunny Home'.
Biesheuvel hat fan jongs ôf te lijen hân fan depresjes ôfwiksele mei perioaden dat er manysk wie (Bipolêre steuring). Maarten Biesheuvel wie troud mei Eva Gütlich (1938-2018) oant har dea op 20 novimber 2018. Maarten Biesheuvel stoar op 30 july 2020 nei in koart siikbêd yn de âldens fan 81 jier.
Underskiedingen
bewurkje seksjeOp 24 maaie 2007 ûntfong Biesheuvel, foar syn hiele oeuvre, de prestizjeuze P.C. Hooft-priis 2007. April 2008 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Earder wie er al beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Sûnt 2015 bestiet der de J.M.A. Biesheuvelpriis foar de bêste koartferhalebondel.
Bibliografy
bewurkje seksje- In de bovenkooi (1972)
- Slechte mensen (1973)
- Het nut van de wereld (1975)
- De Weg naar het Licht (1977)
- Een dag uit het leven van David Windvaantje (1978)
- De verpletterende werkelijkheid (1979)
- De merel (1980)
- Duizend vlinders (1981)
- Hoe de dieren in de hemel kwamen, voorafgegaan door Die aardige beer (1982)
- Brommer op zee (1982)
- De bruid (1982)
- De steen der wijzen (1983)
- De wereld moet beter worden (1984)
- Reis door mijn kamer (1984)
- Zeeverhalen (1985)
- De klacht van de dorpsschoolmeester (1985)
- Eert uw vader en uw moeder (1985)
- Godencirkel (1986)
- De angstkunstenaar (1987)
- Een overtollig mens (1988, boekewikepresint)
- Biesboek (1988)
- Konijn (1988)
- Vijftig verhalen (1989)
- Carpe diem (1989)
- Kind / Het wonder (1994)
- Zes novellen (2001)
- Oude geschiedenis van Pa, die leefde als een dier want hij schaamde zich nergens voor en hij was erg practisch (2002)
- Eva's keus (2003, bondel ferhalen, gearstâld troch Eva Gütlich)
- Verzameld werk (2008, 3 dielen tinprinte)
- Brief aan Vader (2015), kar út eigen wurk, oanfold mei net earder publisearre ferhalen
- Verhalen uit het gekkenhuis (2018)
- Een Schiedamse jongen (2019)
- Vroeger schreef ik, gevonden verhalen (2021)