Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel

(Trochferwiisd fan JMKS)

De Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel of de EMKS wie in organisaasje fan 6 Europeeske lannen dy't de levering fan stiel en koalen fersekerje moast foar de weropbou fan Europa nei de Twadde Wrâldkriich. De EMKS ûntstie mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Parys yn 1951 troch de lannen fan de Benelúks, West-Dútslân, Frankryk en Itaalje. De EMKS wie in foarrinder fan de Jeropeeske Uny en waard yn 2002 opheft.

Lannen en flagge fan de EMKS

De EMKS waard op 18 april 1951 mei it Ferdrach fan Parys oprjochte en wie op 23 july 1952 fan krêft. De grûnslach fan it EMKS-ferdrach wie it Schuman-plan, in inisjatyf fan de Frânske minister fan Bûtenlânske Saken. Doel fan de EMKS wie in mienskiplike merk foar koalen en stiel, dy't frij ferhannele wurde mochten tusken de lidsteaten. Troch it Ferdrach fan Parys kamen de eardere rivalen Frankryk en Dútslân elkoar aardich yn 'e mjitte. Sûnder koalen en stiel koe in lân allinnich net samar in kriich begjinne. Neffens Robert Schuman wie ien fan de hegere doelen fan it plan it fersegeljen fan de Europeeske frede. Net langer wienen koalen en stiel ornearre foar kriichsdoelen, mar foar weropbou fan Europa.

It Fúzjeferdrach waard op 8 april 1965 tekene en wie yn 1967 fan krêft. Troch it Fúzjeferdrach krigen de EMKS, de Europeeske Ekonomyske Mienskip en Euratom in mienskiplike ried, kommisje en budzjet. Formeel bleaunen de trije Europeeske mienskippen (organisaasjes) selsstannich. It Ferdrach fan Parys wie yn 1952 fan krêft mei in jildichheid fan fyftich jier. Yn 1993 waarden alle Europeeske Mienskippen oernaam troch Europeeske Uny. Yn 2002 rûn it ferdrach ôf en waard mei troch de ôfnimmende fraach nei koalen en stiel en it ûntstean fan de Europeeske Uny net mear ferlingd.

Dútslân-Frankryk

bewurkje seksje

Nei de Twadde Wrâldkriich stie it Ruhrgebiet as ûnderdiel fan de Britske besettingssône ûnder ynsternasjonaal tafersjoch. De ynfrastruktuer fan it Ruhrgebiet waard oant 1949 foar in part ûntmantele. It Ruhrgebiet krige mei it oprjochtsjen fan de EMKS nije kânsen. It 'Wirtschaftswunder' yn West-Dútslân is mei te tankjen oan de EMKS.

Dútslân hie de grutste koalfoarrie fan de seis lidsteaten. Frankryk hie oant 1957 de kontrôle oer it Saarlân. Schuman wjerhold Frânske politisy derfan om it Ruhrgebiet permanint te besetten. Ynstee dêrfan waard de rivier de Mozel kanalisearre om sa de tagong ta it Ruhrgebiet te fersekerjen.

 
Gebou fan de Hege Autoriteit yn Lúksemboarch.

De ynstituten fan de EMKS sieten yn Lúksemboarch en Straasburch, letter ek yn Brussel. By de oprjochting wienen it Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Italjaansk de wurktalen.

It bestjoer fan de EMKS wie opdield yn:

  • De útfierende macht fan de EMKS wie de Hege Autoriteit (1952-1967) mei njoggen ûnôfhinklike leden. Frankryk, Dútslân en Itaalje hienen elts twa fertsjinwurdigers, de Benelúkslannen hienen elts ien.
  • It Advysorgaan fertsjintwurdige belangen en hie 51 leden, ûnder oare gearstald út wurkjouwers en wurknimmers.
  • Ministerrie: Gearstalling fan politisy út de lidsteaten (foarrinder fan de Rie fan de Europeeske Uny).
  • Algemiene Gearkomste: 78 leden, foarrinder fan it Europeesk Parlemint). De Algemiene Gearkomste hold tafersjoch op de Hege Autoriteit.
  • Gerjochtshôf: Sân leden mei supranasjonale rjochtsspraak (rjochterlike macht, foarrinder fan it Europeeske Gerjochtshôf).

Presidinten fan de Hege Autoriteit fan de EMKS

bewurkje seksje

Ien fan de bêste resultaten fan de EMKS hat mei wolwêzen te krijen. Sûnder oerheidssubsybzje koenen ferskate minen it net langer bankje. De huzen fan de mynwurkers wienen slim ûnder de mjitte. De EMKS stipe de mynbousektor en subsidiearre húsfêsting foar mynwurkers.

De Europeeske belesting waard foar it earst troch de EMKS ynfierd.

Net alle doelstellings, sa't yn it Ferdrach fan Parys omskreaun, binne helle. De EMKS woe de macht fan de grutte konserns beheine, omdat dy Adolf Hitler oan de macht holpen hienen. Dochs groeiden de kartels en ûndernimmingen yn de Kâlde Kriich, wêrby't se ûnder inoar de prizen ôfpraten (in elemint dat oanpakt wurde moast troch de EMKS).


1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB)
West-Europeeske Uny (WEU)

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: European Coal and Steel Community – foto, fideo en harktriemmen