Jabik van der Bij

Dr Jaap (Jabik) van der Bij (Bitgummole, 1941) is in ûnderwiisman en Frysk beweger út Twellingea. Waard berne op de klaai mar hat syn woartels yn De Wâlden (Garyp), wennet mei syn frou Baukje sûnt 1978 oan it Prinses Margrietkanaal yn Twellingea.

Nei de Mulo gie er nei de kweekskoalle yn Dokkum. Studearre dêrnei foar de middelbere akte Pedagogyk MO-A en MO-B yn Amsterdam oan it Nutseminarium en de VU. Helle syn doktoraal yn de Sosjale Wittenskippen oan de universiteit fan Grins. Wurke in oantal jier as underwizer yn Boarnwert en Alkmaar en kaam yn 1969 as learaar Pedagogyk en Psychology en Wiskunde oan de Pedagogyske Akademy yn Snits. Wurke ien dei yn de wike oan it Freudenthalynstitút yn Utert dat him rjochte op de ferbettering fan de kwaliteit fan it ûnderwiis yn didaktyk, wiskunde en natuerwittenskippen yn it primêr- en fuortset ûnderwiis. Krige dêrtroch it earste graads foech foar Wiskunde. Yn 1977 waard er adjunkt op PA De Him yn Snits dy't letter fusearre mei de KJK fan Drachten en waard yn 1982 direkteur fan De Him. Sûnt 1987 makke Van der Bij diel út fan de sintrale dreksje fan de hegeskoalle CHN yn Ljouwert, no Stenden. Yn 1995 waard hy Foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan dy hegeskoalle. Yn 2005 promovearre Van der Bij ta doktor yn de Geasteswittenskippen op it proefskrift Fries in het voortgezet onderwijs, een Echternachse processie.

Polityk waard Van der Bij foarme troch Fedde Schurer, haadredakteur fan de Friese Koerier, foaroanman fan de Ried fan de Fryske Beweging en Twadde Keamerlid foar de Partij fan de Arbeid. Respekt foar elkoars identiteit, foar it eigene yn kultuer en lânskip en fan minsken, makke dat er lid waard fan de FNP. Waard ek foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer en ienich lid fan de Hegeskoalle Fryslân. Van der Bij is foarsitter fan de Unôfhinklike Senaats Fraksje (OSF), in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen.

Fryske Beweging

bewurkje seksje

Waard lid fan de Ried fan de Fryske Beweging. Omdat in In protte Friezen har wol graach skriftlik yn it Frysk uterje wolle, mar soks net oandoarre sette hy dêr mei oaren de side goedfrysk.nl op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: