Jakob Klok, (Nij-Scheemda, 4 febrewaris 1893 - Beetstersweach 6 juny 1984), wie skoalmaster, fersetsman, boargemaster fan It Bildt en sûnt 1935 Steatelid fan Fryslân foar de SDAP.

Jakob Klok
politikus
Jakob Klok
Jakob Klok
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 febrewaris 1893
berteplak Nij-Scheemda
stjerdatum 6 juny 1984
stjerplak Beetstersweach
partij SDAP,
PvdA
boargemaster fan It Bilt
amtsperioade 1947-1958
foargonger Gerrit Hendrik Kuperus
opfolger Dirk de Zee
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1938-1962

Libben en wurk

bewurkje seksje

Fan 1917 - 1923 wie Klok haad fan de iepenbiere legere skoalle yn Burdaard en fan 1923-1947 oan de skoalle yn Ikkerwâld.
Klok wie yn Ikkerwâld, de Dokkumer Wâlden en de provinsje Fryslân belutsen by in soad ferienings en ynstellingen as Folksûnderwiis, (letter foarsitter fan de rûnte Fryslân), de hielûnthâlding, de SDAP- en letter de PvdA-ôfdieling, de Feriening foar Sikehûsferpleging, de gymnastykferiening Nut en Nocht, it Lânarbeidersbûn, it Bestjoerdersbûn Dantumadiel, it Bûn foar Steatspensjonearring, de Fredesbeweging, de stifting Eigen Gebouw. Sûnt 1935 siet er foar de SDAP yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân en nei de Twadde Wrâldkriich foar de PvdA, dy't hy yn Fryslân mei oaren opsetten hie. Hy waard doe foarsitter fan it gewest Fryslân fan de PvdA en letter ek fraksjefoarsitter en listlûker foar de regio Dokkum.

Yn de oarloch spile hy in rol yn it ferset as lid fan it Trijemanskip yn Dantumadiel. Nei de oarlochsjierren waard hy earst waarnimmend boargemaster fan Kollumerlân c.a. en letter, oant syn pensjonearring yn 1958 boargemaster fan It Bildt. 'Meester Klok', sa't hy yn de Dokkumer Wâlden ek nei syn beneaming ta boargemaster fan It Bildt bekend bleau krige nei syn ferstjerren in stânbyld yn Damwâld en waard de Master Klokwei nei him neamd en yn Sint Anne de Burgemeester Klokstraat.

 
Stânbyld yn Damwâld, makke troch Frans Ram yn 1999

Doe't Jakob Klok yn 1923 op eigen fersyk nei de gruttere skoalle fan Ikkerwâld oerpleatst waard, waard er rillegau foarsitter fan de ôfdieling Dokkumer Wâlden fan de "Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken" (NV). Oant 1947 wie der sekretaris en letter foarsitter. Hy sluet him ek oan by de ôfdieling Ikkerwâld fan de SDAP. Yn elk gefal nei 1927, mar miskyn al earder krige er hjiryn in bestjoersfunksje. Dêrneist siet er ek yn tal fan oare ferienings en ynstellings.
Troch syn aktiviteiten, syn belutsenens en syn helpfeardigens foar minsken dy't it slim hiene, en dat wienen der yn dy jierren frijwat, waard er yn de Dokkumer Wâlden in bekende en markante figuer mei grut fertrouwen. Syn skieding yn 1929 en it nije houlik mei Aukje Anna Blumers it jier dêrop, feroare dêroan net folle, al joech dit yn Ikkerwâld wol in soad praat. Klok bemuoide him mei alderlei maatskiplik ûnrjocht wêr't er dat mar seach. Hy makke ek diel út fan it Lânarbeidersbûn en it Bestjoerebûn Dantumadiel. Hy waard yn in soad opsichten in tsjinpoal fan de destiidske boargemaster Ties Nauta. Bekend is ûnder oare it ferhaal fan de koarting op de steunútkearing dy't Nauta trochfiere woe by minsken dy't in hin, in geit, in skiep of in ko hienen. Benammen troch de ynset fan Klok moast de maatregel weromdraaid wurde. Der wienen noch folle mear oanfarrings tusken de aartskonservative Nauta en de sosjalist Klok.

In soad minsken dienen yn dy jierren in berop op master Klok en dêr't hy koe besocht er op syn eigen rêstige en yntegere manier by te stean. Dêrneist hie hy enerzjy genôch om him ek yn te setten foar de ‘lytsere’ dingen yn it doarpslibben. Hy rjochte in gymnastykferiening op, die war foar in eigen drankfrij gebou foar de NV, de SDAP en de NVV, wie as administrateur en ‘omke Jaap’ meiwurker oan in blêd foar it iepenbier ûnderwiis, wie yn in bledsje fan de winkeliersferiening ‘tante Jo’, siet yn de Feriening foar Sikehûsferpleging.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Klok syn ferset tsjin de Dútske besetter begûn foar him sels hast ûngemurken. Hy joech yn syn skoalle yn Ikkerwâld gelegenheid foar gearkomsten fan de SDAP, salang dizze fergaderingen tastien wiene. Letter wienen de ek yllegale gearkomsten op de souder fan de winkel fan Klok syn skoanheit Sipke Blumers oan de Molewei yn Moarrewâld. (no: Sineesk Yndysk restaurant Jin Guang). Doe't kunde fan him frege om adressen foar ûnderdûkers wie dat in dúdliker stap yn de rjochting fan ferset, folge troch it ek echt ûnderbringen fan minsken, op faak wat mear ôflizzende pleatsen. Ek begûn hy mei it opheljen fan jild foar de froulju fan ûnderdûkers dy't ûnfersoarge efterbleaune.

Wyls wie hy ek begûn mei it ‘ritseljen’ mei bonkaarten yn ferbân mei de distribúsje, of better: de rantsoenearring fan iten en oare artikels, lykas klean. Ek wie hy al gau belutsen by it ferfalskjen fan identiteitsbewizen. Hy wurke benammen allinnich. Ein 1942, begjin 1943 naam it ferset in hurdere en mear strukturearre foarm oan. Tegearre mei timmerman-oannimmer Klaas Wijbenga út de Falom en gemeenteamtner Douwe de Vries foarme Klok in trijemanskip dat lieding joech oan de yllegale aktiviteiten yn Dantumadiel. Yn elk doarp wie in haadkontaktpersoan dy't op syn beurt wer oer meardere kontaktpersoanen beskikke koe. Binnen it trijemanskip wie Klok belêste mei de ôfdieling ûnderdûkers en alles wat dêrmei anneks wie.
Fan doe ôf oan wie Klok, yn de yllegaliteit bekend as 'Jansma', hast oan ien tried wei warber. Troch himsels of fia him waarden tsientallen meast joadske ûnderdûkers ûnderbrocht op feilige adressen. Sels ‘útfanhuze’ hy yn ferbân mei de feilichheid yn dy tiid op mear as fiifentweintich ferskillende adressen. Klok gou foar in soad minsken as tige betrouber en moedjaand yn dy donkere tiden. Zijn rustige uitstraling, zijn kalme stem en zijn overtuigende spreektrant boezemden ontzag in. Bang was hij evenmin, want bij diverse razzia’s stapte hij doodgemoedereerd tussen de rijen Duitse militairen en diens Nederlandse handlangers door. (Frysk Deiblêd, 29 oktober 1997). Sa waard it folslein akseptearre (en wurdearre) dat de net-tsjerkske en net-leauwige Klok op in sneintemoarn de preken fan de dominees Engelsma en Wijnia yn de Herfoarme en Grifformearde Tsjerke ûnderbruts om te warskôgjen foar in razzia fan lânwachters en driigjende arrestaasje fan jonge manlju foar de Arbeitseinsatz.

It betrouwen dat hy hie, hat him yn de oarlochstiid grif meardere kearen foar arrestaasje behoede. Syn buorlju hâlden in eachje yn it seil en warskôgen soms foar driigjend gefaar. In protte N.S.B-ers moatte ek fan syn aktiviteiten witten hawwe, mar òf se doarden it net oan him te ferrieden, òf se wachten op in better momint om in gruttere slach te slaan. It barde dat bern fan N.S.B.’ers dy't by him yn de klas sieten hienen, of noch sieten, him warskôgjen kamen: ‘Se (lânwachters, N.S.B’ers) sieten te praten by ús thús yn de keamer, der komt in razzia en se hawwe it hiel faak oer jo hân.’ Ek doe't Klok yn jannewaris 1945 definityf ‘ferdwûn’, blykte fia ien fan de bern fan in NSB’er dat se hiel goed wisten wêr't master Klok siet.
Op 14 april 1945 waard Dantumadiel befrijd. Klok hat fan it balkon fan it gemeentehûs ôf al syn ynfloed brûkt om foar te kommen dat de feestwille te gau losbarste soe omdat noch net alle gefaar geweken wie. Ek koe hy troch syn behearste optreden foarkomme dat de minsken fan klearebare wille en yn dûmens tsjin de lânferrieders optreden gean soene. Op 25 april waard hy beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Kollumerlân c.a. en yn 1947 folge de beneaming ta boargemaster fan de gemeente it Bildt.

Yn novimber 2006 is it boek Die rooie schoolmeester van Akkerwoude ferskynd. Yn it boek beskriuwt soan Geert Klok op boeiende wize it libben fan syn heit, fan syn berte yn 1893 oant syn fuortgean út Ikkerwâld yn 1947, tsjin de eftergrûn fan in roerige tiid fan earmoede, sosjalisme, gehielûnthâlding, Earste Wrâldoarloch, ‘fersin fan Troelstra’, krisis en Twadde Wrâldkriich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Meesterklok.nl