Jaws (franchise)

(Trochferwiisd fan Jaws (mediafranchise))

Jaws (Ingelsk foar "Kaken") is in Amerikaanske horrorfilmfranchise dy't yn 1975 úteinsette mei de ferneamde film Jaws, fan regisseur Steven Spielberg. De film, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Peter Benchley, giet oer in reuseftige wite haai dy't de bewenners en toeristen op in fakânsje-eilân terrorisearret. Jaws wie in reuseftich kritysk sawol as kommersjeel súkses, dat yn ien klap de reputaasje fan Spielberg fêstige as ien fan 'e meast foaroansteande regisseurs fan Hollywood. Neitiid waarden trije troch de filmkritisy hieltyd minder wurdearre ferfolchfilms makke. Op 'e filmsearje waarden letter ferskate fideospultsjes basearre.

Jaws
betinker Peter Benchley
eigner Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 1975
einjier 1987
films
langspylfilms Jaws
Jaws 2
Jaws 3-D
Jaws: The Revenge
dokumintêres The Shark is Still Working
spultsjes
fideospultsjes Jaws
Jaws Revenge
Jaws: Ultimate Predator
Jaws.io
literatuer
romans Jaws
offisjele webside
www.jawsmovie.com
  De Wikipedy hat ek in side Jaws (film).

Yn Jaws begjint in reuseftige, minskeslinende wite haai de bewenners en toeristen op it (fiktive) Amerikaanske fakânsje-eilân Amity, foar de kust fan Nij-Ingelân, te terrorisearjen. De pleatslike kommissaris fan plysje Martin Brody (Roy Schneider) giet der mei de help fan marine biolooch Matt Hooper (Richard Dreyfuss) en de profesjonele haaiejager Quint (Robert Shaw) yn in boat op út om mei it bist ôf te weven. It blykt lykwols noch net ta te fallen om dat foarinoar te krijen.

Jaws waard regissearre troch Steven Spielberg nei in senario fan Peter Benchley en Carl Gottlieb op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Benchley. De film gie op 20 juny 1975 yn premiêre, en brocht $472 miljoen op tsjin in budget fan $9 miljoen. Jaws foarme de trochbraak as regisseur fan Spielberg en in ûnbidich sawol kritysk as kommersjeel súkses foar filmstudio Universal Pictures.

  De Wikipedy hat ek in side Jaws 2.

Yn Jaws 2 dûkt der in nije minskeslinende wite haai op by Amity, en moat kommissaris Martin Brody (Roy Schneider) op 'e nij fanwegen komme. Dêrby wurdt er tsjinwurke troch boargemaster Larry Vaughn (Murray Hamilton), dy't bang is foar in delgong yn 'e ynkomsten út it toerisme as bekend wurde soe dat Amity op 'e nij teheistere wurdt troch in minskeslinende haai. As Brody syn soan Mike (Mark Gruner) lykwols in ferbod fan syn heit negearret en dochs mei syn maten út te silen giet, is Brody dejinge dy't de groep bern fan 'e haai rêde moat.

Jaws 2 waard regissearre troch de Frânske filmmakker Jeannot Szwarc nei in senario fan Carl Gottlieb en Howard Sackler. De film gie op 16 juny 1978 yn premiêre, en brocht $208,9 miljoen op tsjin in budget fan $30 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Jaws 3-D.

Jaws 3-D folget Mike Brody (Dennis Quaid) en syn jongere broer Sean (John Putch), de soannen fan kommissaris Brody, yn in ûnderwetterferdivedaasjepark mei tunnels en lagunes yn Floarida. Wylst it park risselwearret foar de iepening kringt in jonge wite haai der út 'e see wei binnen en liket in rige oanfallen te dwaan op 'e wurknimmers fan it park. As de jonge haai lykwols ienris fongen is, docht bliken dat in twadde, folle gruttere, wite haai ek it park ynkrongen is en eins ferantwurdlik is foar de oanfallen.

Jaws 3-D waard regissearre troch Joe Alves nei in senario fan Carl Gottlieb en Richard Matheson. De film gie op 22 july 1983 yn premiêre, en brocht $88 miljoen op tsjin in budget fan $18 miljoen.

Jaws: The Revenge

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Jaws: The Revenge.

Jaws: The Revenge giet oer Ellen (Lorraine Gary), de widdo fan 'e hommels oan in hertoanfal beswykte Martin Brody. Nei't har jongste soan Sean (Mitchell Anderson) omkomt by in haaie-oanfal, ferfart Ellen nei de Bahama's, dêr't har âldste soan Mike as marine biolooch wurket. Dêr kriget hja in relaasje mei de piloat Hoagie Newcombe (Michael Caine). De haai dy't Sean deade hat, folget Ellen lykwols nei de Bahama's, ek al komme wite haaien dêr fan natuere net foar. Nei't de haai in wraam docht op Thea, de fiifjierrige beppesizzer fan Ellen, set sy ôf op in boat om foar iens en foar altyd mei it bist ôf te weven.

Jaws: The Revenge waard regissearre troch Joseph Sargent nei in senario fan Michael de Guzman. De film gie op 17 july 1987 yn premiêre, en brocht $51,9 miljoen op tsjin in budget fan $23 miljoen. Jaws: The Revenge wurdt troch filmkritisy gauris beskôge as ien fan 'e minste films dy't ea makke is.

De ynfloed fan benammen de earste Jaws-film op 'e Amerikaanske filmyndustry wie tige grut, en geandewei de 1970-er en 1980-er jierren waarden in protte oare films oer minskeslinende bisten makke dy't op Jaws ynspirearre wiene. Men kin dan tinke oan Grizzly, Mako: The Jaws of Death, Orca, Eaten Alive, Piranha, Barracuda, Alligator en Great White. De film Cruel Jaws, ek bekend as The Beast, en yn guon lannen en territoaria oanpriizge as Jaws 5: Cruel Jaws, waard berucht om't er net inkeld fierhinne it ferhaal fan Jaws stiel, mar ek yllegaal bylden út 'e earste trije Jaws-film yn syn filmmontaazje opnaam.

Dokumintêres

bewurkje seksje

Yn 1995 makke Laurent Bouzereau de dokumintêre The Making of Jaws, dy't neitiid as bonusmateriaal tafoege waard oan dvd-edysjes fan 'e earste film. Yn 2009 ferskynde fan 'e hân fan Erik Hollander The Shark is Still Working, in jûnfoljende dokumintêre oer de produksje en de ynfloed fan Jaws út 1975.

De roman Jaws, fan Peter Benchley, dy't yn febrewaris 1974 útkaam, stie oan 'e basis fan 'e Jaws-franchise. De plot fan it boek komt fierhinne oerien mei dy fan 'e earste film, mei't de regisseur en de produsinten it ferhaal sa trou mooglik besochten te ferfilmjen.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

De folgjende fideospultsjes op basis fan 'e Jaws-franchise binne troch de jierren hinne ferskynd:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jaws (filmsearje)
Jaws (1975) • Jaws 2 (1978) • Jaws 3-D (1983) • Jaws: The Revenge (1987)