Jazz Jennings
Jazz Jennings (net har echte namme; Floarida, 6 oktober 2000) is in Amerikaansk ynternet- en realitystjer, aktiviste en publisiste en de jongste transseksueel dy't oant no ta yn 'e belangstelling kommen is. Yn har heitelân hat hja al sûnt 2006 in beskate ferneamdheid opboud, en yn july 2015 waard se troch de realitysearje I Am Jazz ek bekend bûten de Feriene Steaten.
Jazz Jennings | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 oktober 2000 | |
berteplak | ? (Floarida) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | learling | |
aktyf as | transaktiviste | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
reden bekendheid |
● aktivisme ● ien fan 'e jongste bekende Amerikaanske transseksuëlen ● haadpersoan yn realityrige I Am Jazz |
Libben
bewurkje seksjeFamylje-omstannichheden
bewurkje seksjeJennings waard yn 2000 berne earne yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida, as it jongste bern yn it gesin fan har âlden Greg en Jeanette. Hja hat twa âldere bruorren, de twilling Sander en Griffen, en in âldere suster, Ari. Har namme "Jazz" (koart foar "Jasmine") is eins in bynamme, krigen fan har suster Ari dy't as bern de rol fan Jasmine yn in skoalopfiering fan Aladdin spile hie. De efternamme "Jennings" is fingearre om it gesin te beskermjen; ek wurdt harren krekte wenplak geheim holden.
Geslachtsidentiteit
bewurkje seksjeHoewol't Jennings berne is as jonge, makke se al sa gau't se prate koe dúdlik dat se harsels as famke beskôge. Yn 2004 waard mei fjouwer jier by har in geslachtsidentiteitststoarnis fêststeld, wêrmei't se ien fan 'e jongste dokumintearre gefallen is fan lju dy't har net thúsfiele by harren fysike geslacht. Yn 't earstoan besochten har âlden de koal en de geit te sparjen troch har yn geslachtsneutrale klean te klaaien, ek al woe Jennings sels folle leaver famkesklean oan hawwe. Letter, doe't dúdlik waard dat it har bewuste kar wie om famke te wêzen, besleaten har âlden har dêrby te stypjen.
Doe't yn 2012 yn in fraachpetear har seksuële oriïntaasje op 't aljemint kaam, joech Jennings oan dat se har seksueel oanlutsen fielt ta jonges. Dêropta sei se dat se der wat oer yn sit hoe't it moat mei it meitsjen fan ôfspraakjes en sa, om't se pas in geslachtsferoaringsoperaasje ûndergean kin as se folgroeid is, en no dus lichaamlik noch in jonge is. Hja is fan doel om sa'n operaasje útfiere te litten sadree't se achttjin jier is.[1] Yn 2013 fertelde se fierders dat se derfan dreamd om úteinlik mem te wurden. Yn 2014 sei se yn in fraachpetear dat se panseksueel is (en har dus oanlutsen field ta minsken fan alle geslachten en seksuële oriïntaasjes).
Mediabelangstelling en aktivisme
bewurkje seksjeDoe't Jennings seis jier wie, ferskynde se mei har âlden foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje om te praten oer de swierrichheden fan it opgroeien mei in geslachtsidentiteitsstoarnis. Sa wie it gesin ûnder mear te sjen yn praatprogramma's as 20/20, mei Barbara Walters, en The Rosie Show, mei Rosie O'Donnell. Yn 2007 rjochten Jennings en har âlden de TransKids Purple Rainbow Foundation op, dy't bern en tiners mei in geslachtsidentiteitsstoarnis ûnderstipet.
Yn 2011 waard der in dokumintêre oer Jennings, mei as titel I Am Jazz: A Family in Transition, útstjoerd op it Oprah Winfrey Network. Twa jier letter, yn 2013, rjochte Jennings Purple Rainbow Tails op, in bedriuw dêr't se rubberne seemearminnesturten foar makket om jild yn te sammeljen foar bern dy't mei deselde swierrichheden kampe as sy. Datselde jiers fertelde se yn in nij fraachpetear mei Barbara Walters foar 20/20 oer har twa en in heal jier duorjende striid mei de Amerikaanske Fuotbalfederaasje (USSF), om safier te kommen dat se meispylje mocht yn in famkesalvetal. Troch de stipe dy't se dêrby krige fan it Nasjonaal Sintrum foar Lesbyske Rjochten (NCLR), slagge it har úteinlik om 'e USSF te twingen en pas de regels oan foar gefallen lykas har.
Yn septimber 2011 publisearre Jennings it boek I Am Jazz, dat se skreaun hie yn gearwurking mei Jessica Herthel, de direkteur fan it Stonewall National Education Project. Dêryn fertelde se iepenhertich oer har libben as transseksueel bern. Yn 2014 wie Jennings te gast by de útrikking fan 'e GLAAD Media Awards, en waard se troch it tydskrift Time útroppen tra ien fan 'e 25 ynfloedrykste tiners fan 'e Feriene Steaten. Fierders waard se dat jiers beneamd ta in jeugdambassadrise foar de Human Rights Campaign, de grutste belange-organisaasje fan homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen yn 'e Feriene Steaten, en teffens ûntfong se de Youth Trailblazer Award ("Jeugdpionierpriis") fan 'e stjoerder LogoTV.
Yn 2015 sleat Jennings in kontrakt mei Johnson & Johnson ôf om as model op te treden yn reklamespotsjes foar it hûdfersoargingsmerk Clean & Clear. Dêrnjonken fierde se it wurd foar dat merk by in digitale reklamekampnaje, en ek wurke se as model mei oan ideële reklame foar de NOH8 Campaign (sprek út as No Hate), in Amerikaanske anty-diskriminaasje-organisaasje. Op 15 july 2015 gie de earste ôflevering fan 'e realitytillefyzjesearje I Am Jazz, oer Jennings en har deistich libben, yn premiêre op 'e stjoerder TLC. Mei't dat programma ek bûten de Feriene Steaten útstjoerd waard, krige Jennings doe foar it earst ek om utens bekendheid.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |