Jenny Douwes (De Harkema, 1 augustus 1978) is in Frysk ûndernimmer en waard lannelik bekend as dielnimmer yn it debat oer Swarte Pyt. Hja wie yn novimber 2017 de inisjatyfnimmer fan de autodykblokkade op de A7 by Aldehaske. Dy blokkade moast de bussen mei aktivisten fan Kick Out Zwarte Piet út Rotterdam en Amsterdam keare om tefoarren te kommen dat hja by de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum demonstrearje soene tsjin de persoan fan Swarte Pyt.[1].

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jenny Douwes waard berne op 1 augustus yn 1978 op De Harkema. Hja is tige grutsk op har Fryske komôf en hâldt har dêr ek mei dwaande.

Bernetiid en oplieding

bewurkje seksje

Douwes studearre heger laboratoariumsûnderwiis op de Hânzehegeskoalle yn Grins. Yn 2001 helle Douwes har diploma en gie oan it wurk as researchanalist yn it UMCG.

Yn 2007 begûn Douwes te wurkjen by famyljebedriuw “Douwes Materieel”, dêr ’t hja mei-eigener fan is.

Om de tiid fan de Sinteklaasyntocht yn Dokkum op 18 novimber 2017 sette Douwes in oprop op Facebook. Dêryn rôp sy minsken op om te behinderjen dat de demonstranten tsjin Swarte Pyt Dokkum berikke soene. Op fersyk fan de plysje moast Douwes de oprop fuorthelje, mar nettsjinsteande dat se de oprop fuorthelle hie, kamen der in soad minsken op ôf. Sympatisanten fan Douwes' oprop kearden de bussen, sadat dy net fierder ride koene.

Yn novimber moast Douwes tegearre mei 33 oaren, yn de media "blokkearfriezen" neamd, foar de rjochtbank ferskine. Hja waarden allegearre feroardiele. Douwes krige de heechste straf: 240 oeren taakstraf en in selstraf ûnder betingst fan in moanne fanwegen it begjinnen fan in demonstraasje.  Yn heger berop waard de straf feroare nei in taakstraf fan 90 oeren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: