Jilles Klazes (Ternaard, 19 oktober 1822 - Hoarne, 17 juny 1897) wie siktaris en boargemaster.

Jilles Klazes wie in soan fan Jan Klaasesz, notaris en sekretaris fan West-Dongeradiel, en wenne op Herweystate en fan Rinske Boekhoudt. Hy krige nei de legere skoalle ûnderrjocht oan it ynstitút Kinsbergen yn Elburch en oan de Latynske skoalle yn Dokkum

Hy wie sekretaris fan West-Dongeradiel (1847) en letter boargemaster fan dy gemeente (1862). Hy sette him yn foar de Fryske taal en sang en publisearre ferzen yn Swanneblommen (1852-1874), Iduna (1857, 1867) en Forjit my net (1876). In stikmannich ferzen fan him binne op muzyk set en opnaam yn it Frysk Lieteboek.

Hy boaske oan Maria Diderica de Boer fan Sappemeer; it pear hat jierrenlang op Herwey wenne .

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: