Joazeftsjerke (Assen)
De Joazeftsjerke (Jozefkerk, foarhinne de Grutte Tsjerke) is in protestantsk tsjerkegebou yn Assen. De tsjerke waard oan 'e doedestiidske râne fan 'e stêd boud nei't de âlde kleastertsjerke oan 'e Brink te lyts waard foar it tanimmende ledetal fan 'e gemeente.
Joazeftsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
adres | Kerkplein 1 9401 HA Assen | |
koördinaten | 52° 59' N 6° 33' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | C.J. Spaan | |
boujier | 1844-1848 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8411 | |
Webside | ||
hiemside Joazeftsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de jimmeroan groeiende gemeente wie noch foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke de eardere kleastertsjerke (ek Marijetsjerke) al ferskate kearen fergrutte. Yn 1840 sette de gemeente prikken yn it wurk om in gruttere, folslein nije tsjerke op in oar plak te bouwen. Der waard jild ynsammele en nei fjouwer jier slagge it de gemeente de begrutting slettend te krijen. Der kaam in tsjerke yn klassisistyske styl neffens in ûntwerp van C.J. Spaan, de haadingenieur fan it Ministearje fan Wettersteat en Publike Wurken. De bou foldocht oan 'e eigenskippen fan in typyske wettersteatstsjerke en waard op 30 april 1848 iepene.
Op 13 juny 1910 waard troch ynslach fan 'e bliksem de toer fan 'e Grutte Tsjerke troffen. Fanwegen de hichte wie de brân min te dwêsten en sadwaande moast de toer troch in nije toer neffens in ûntwerp fan 'e Grinzer arsjitekt Huurman ferfongen wurde. Ek it oargel fan Van Dam út 1896 rekke troch wetterskea skansearre.
Restauraasje
bewurkje seksjeOan it begjin fan 'e jierren 1980 folge in restauraasje fan 'e tsjerke. By dy restauraasje waarden ek in tal feroarings oan it gebou werom draaid. Tichtmitsele finsters waarden wer iepen brutsen, de banken yn 'e tsjerke waarden wer neffens it oarspronklike plan opsteld en de preekstoel kaam wer oan 'e noardlike muorre te stean. It yn 'e jierren 1930 ferlege ferwulft bleau lykwols hanthavene. By de restauraasje waard ek it oargel mei de oanfolling fan in tal net mear oanwêzige registers wer yn 'e oarspronklike steat werom brocht. De earste tsjinst nei de restauraasje fûn op snein, 4 july 1982 plak.
Foar it lêst waard yn 2008 grut ûnderhâld en in pear modernisearings oan foarsjennings útfierd.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|