Jochum van der Woude

Jochum van der Woude (Ljouwert, 16 maaie 1994) is in akteur út Hurdegaryp en kollumnist foar de UIT-bylage fan de Ljouwerter Krante.

Jochum van der Woude
akteur
persoanlike bysûnderheden
berne 16 maaie 1994
berteplak Ljouwert
jierren aktyf 2008 - no
offisjele webside
http://www.jochumvanderwoude.nl/

Doe't er acht jier wie krige er toanielles by Parnas, sintrum foar de keunsten yn Ljouwert. Nei fjirtjin jier yn Ljouwert wenne te hawwen ferhuze er nei Hurdegaryp. Nei syn skoaltiid op it Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert waard er ôfwiisd op de jeugdteaterskoalle en woe doe ambulânsebroeder wurde. Van der Woude spile ek in skoft by jeugdsirkus Saranti en yn de lanlike finale fan de skoalierewedstriid Kunstbende yn de kategory Theater & Performance, dêr't er tredde waard. Skreau him yn by castingbedriuw Kemna en die meardere audysjes, wêrûnder dy foar Nova Zembla. Hy wurke dêr mei regisseur Reinout Oerlemans. Hy die yn 2012 audysje foar de Toanielskoalle yn Amsterdam en Arnhim.

Fan 2016 ôf wennet er yn Sutfen.

Nova Zembla bewurkje seksje

Jochum spile yn de film Nova Zembla de rol fan Jan Frans fan Haarlim. Hy wie it jongste bemanningslid op it skip wêrmei't Willem Barents in noardlike trochgong nei de East besike te finen. As jongste rekke er befreone mei de haadrolspiler. Mei de bemanning makke hy de oerwintering op Nova Zembla mei. Yn de film spilen ek Doutzen Kroes, Robert de Hoog (as Gerrit van de Veer) en Derek de Lint.

Rollen bewurkje seksje

telefyzje
  • 2015 - Wildflowers, Gouke
  • 2013 - Van God Los (telefyzjerige), Kevin Kuipers
  • 2013 - Danni Lowinski (Nederlânske telefyzjerige), Lucas Vermaat
  • 2013 - Van Gogh: een Huis voor Vincent, Cor van Gogh
  • 2013 - SpangaS, Eddie
  • 2013 - Feuten, Jeroen Beeksma
  • 2012 - Hoe overleef ik .... (telefyzjerige) as Neuz yn de dielen: Rooz? / Een enorme puinhoop? / Sam? / Een nieuwe Rosa?
  • 2011 - Flikken Maastricht as Melle
  • 2012: Hoe overleef ik?, Neuz
  • 2013: Van Gogh: een Huis voor Vincent, Cor van Gogh
  • 2013: SpangaS, Eddie
  • 2013: Feuten, Jeroen Beeksma
  • 2013: Van God Los, Kevin Kuipers
  • 2013: Danni Lowinski, Lucas Vermaat
  • 2015: Wildflowers, Gouke
Film
  • 2011 - Nova Zembla as Jan Fransz
  • 2013: Feuten: Het Feestje, Jeroen Beeksma
  • 2014 - Hoe overleef ik serie, Francine Oomen

Skriuwen bewurkje seksje

Begûn yn 2008 mei skriuwen doe't syn âlden skieden, en publisearre syn gefoelens yn kollumns op ynternet.
Wûn begjin 2011 de provinsjale foarronde "Write Now" yn Poppoadium Romein yn Ljouwert. Neist in jildbedrach bestiet de priis út in masterclass fan útjouwerij Augustus, in blog-kontrakt by Spunk.nl en optredens op it Geen Daden Maar Woorden Festival, De Nachten yn Antwerpen en Wintertuin yn Arnhim of Nymwegen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: