Johan Christiaan Assien Bohmers

Johan Christiaan Assien Bohmers, berne as Johan Christiaan Böhmers, (ek: Bommers, Böhmers en Bëmmers; Sutfen, 16 jannewaris 1912 - Göteborg, maaie 1988) wie in Nederlânsk geolooch en archeolooch, benammen stientiidsaakkundige mei Frysk nasjonale ideeën. Bohmers wie fan 1945 oant 1965 as geolooch ferbûn oan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút (BAY) fan de Universiteit fan Grins. Hy wie yn de jierren 50 en 60 bekend fan syn stientiidûndersyk yn Noard-Nederlân.

J. C. Bohmers, ±1937[1]

Libben en wurkpaad

bewurkje seksje

Jonge jierren

bewurkje seksje

Bohmers wie in soan fan in sikeferpleger Hendrik Willem Bohmers (1862-1943) [2] út Sutfen en Lolkje Uiterwijk út Harns, mei in pear Fryske foarâlden. Bohmers hat altyd niget oan Fryslân hân. Nei de HBS studearre Bohmers geology en paleontology oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn syn stúdzjetiid waard er lid fan de AJC, de jongereinorganisaasje fan de SDAP, fral ûnder ynfloed fan syn ferloofde Wytske Hofstra en wenne op keamers by Koos Vorrink en de frou. Mei Wytske gier er wol útfanhûs by har famylje yn Fryslân. Wytske kaam lykwols hommels te ferstjerren oan 'in niersykte' yn 1932.[3]

Yn 1937 promovearre er op in proefskrift oer útstoarne inketfisksoarten. Letter yn de trittiger jierren hinge Bohmers nei it Nasjonaalsosjalisme oer, omdat er oanhinger fan de Germaanske rasselear wurden wie, faaks troch in Dútske meistudint.[4]

 
Slot Nikolsburg yn Mikulov, Tsjechje

Yn 1937 sluet er him oan by de SS besibbe organisaasje Ahnenerbe. Doe heakke er ek 'Assien' oan syn fan ta, wat in âld-germaanske namme wêze soe. Troch Ahnenerb waard hy by steat steld om ûndersyk oer de grinzen hinne te dwaan.

Assien Böhmers hie kunde oan Wolfram Sievers, de lieder fan Ahnenerbe, en hie ek nauwe kontakten mei SS-lieder Heinrich Himmler.

Yn 1937 krige Assien Bohmers de lieding oer it team dat de Ahnenerbopgraving yn de Mauerngrotten, yn it Juraberchtme, die. Dêr waarden ûnder oaren ivoaren hangers, gravearnullen, in skelet fan in mammoet en oerbliuwsels fan Neandertalers en harren spearen fûn. Troch Ahnenerbe koe Assien Bohmers yn 1941 by de Ryksuniversiteit Grins as archeolooch oansteld wurde. Hy sette him doe nei wenjen yn Bûtenpost dêr't hy ynspirator en oanfierder fan houtfikersklup 'De Ikelbeam' wie. Dat Bohmers nei Fryslân gie, hie faaks te krijen mei syn politike ambysje fan lieder fan it goa (gouw) Fryslân te wurden, in takomstich part fan it Grut Dútske Ryk.

Yn 1942 wie Bohmers belutsen by de wichtige opgravings yn it Tsjechyske Dolni Vestonice (Dútsk: Unterwistenitz) (earder al troch Tsjechyske archeologen, mar dy't sûnt 1940 stillein hiene fanwege de Dútske anneksaasje fan Tsjechje).[5][6] Under syn meiwurkers dêre wienen seis Friezen [7], dêr't syn assistint, amateur-archeolooch Johannes Minnema [8](bekend fan stientiidfysten yn de Dokkumer Wâlden en oanlutsen as tekener) en Pieter Mudstra fan Sumarreheide ûnder wiene. Bohmers wenne yn dy tiid mei syn beide dochters yn it tichtby lizzende Slot Nikolsburg.
Yn deselde snuorje krige Bohmers ek omtinken foar de archeology yn Noard-Nederlân. Novimber 1942 stjoerde er twa Fryske meiwurkers dy't troch Minnema oanlutsen wienen op paad yn eastlik Fryslân. Dêr wie Pieter Mudstra ek wer by, waans fynsten laten ta in wichtige stientiidopgraving ûnder Oerterp yn febrewaris 1943. Fanwege Bohmers waard der teffens ûndersyk dien nei Fryske kultueruteringen, sa as ûlebuorden en hûsmerken.[9]

Nei de Dútske besetting fan Nederlân wurke Bohmers as adviseur foar de SS.[10]

Biologysk Archeologysk Ynstitút

bewurkje seksje

Yn 1945 waard Bohmers yngeand ûnderfrege troch de Kanadeeske Ynljochtingetsjinst. Nei de befrijding siet Bohmers njoggen moannen fêst, mar waard net oanklage. Hy koe letter as geolooch en dosint Alde Stientiid oan de gong oan de Grinzer universiteit (dêr't yn 1954 Tjalling Waterbolk heechlearaar waard en direkteur fan it archeologysk ynstitút), omdat it de hjitting wie dat hy yn syn tiid by Ahnenerbe (1937 - 1943) kontakten mei it Dútske ferset, de Hielschergruppe, hân hie.

Yn 1961 skonk Bohmers sa'n 14 artefakten út de stientiid oan it Frysk Museum.

In Dútsk ûndersyk nei de organisaasje Ahnenerbe late yn 1965 dochs noch ta "earfol ûntslach op eigen fersyk". Bohmers waard opfolge troch Dick Stapert.

Nei oanlieding fan in publikaasje yn maaie 1974 fan Gerrit Elzinga fan it Frysk Museum oer de ferfalsking fan de sulverskat fan Winsum, waard Bohmers syn namme wer oer de streek brocht, omdat de organisaasje Ahnenerbe dêrfoar ferantwurdlik west hawwe soe en Bohmers hie dêr ommers lid fan west. Bohmers ûntkende alle belutsenens by de saak.[11]

Bohmers wie teffens belutsen by de saak-Vermaning. [12] Hy soe it brein efter de ferfalsingen west hawwe, mar folslein bewiis dêrfoar is der nea kaam. Yn de tiid fan de prosessen tsjin Vermaning emigrearre Bohmers nei Sweden.

Assien Bohmers hat nea ûntkend dat er foar Ahnenerbe wurke, mar fan lidmaatskip fan de SS en nazi-wêzen woe er neat witte.[13]

  • Michael H. Kater: Das „Ahnenerbe“ der SS 1935–1945. Ein Beitrag zur Kulturpolitik des Dritten Reiches. 4. Auflage. Oldenbourg, München 2006, ISBN 978-3-486-57950-5, (Studien zur Zeitgeschichte 6), (Teilw. zugl.: Heidelberg. Univ., Diss., 1966), online.
  • Heather Pringle: The Master Plan: Himmler's Scholars and the Holocaust, Hyperion, New York, 2006, ISBN 978-1-401-38386-2 Digitale Leseprobe (in)
  • Marc Groenen: Pour une histoire de la préhistoire: le Paléolithique. Jérôme Millon, Grenoble, 1994.
  • Karel Valoch: Le paléolithique en Tchéquie et en Slovaquie, Nr. 3, 1996.
  • Arnold Carmiggelt, ‘Geheimzinnigheid is zijn fort’. Assien Bohmers 1912-1988. Biografy. Eburon, Utert, 2019, ISBN  978-94-6301-239-3.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.archaeology.org/0603/abstracts/nazis.html In his application to the SS, archaeologist Assien Bohmers attached a photograph to demonstrate his "Aryan" pedigree. He went on to develop a Nazi vision of the Paleolithic while digging at sites such as Czechoslovakia's Dolni Vestonice, right. (Dr. Oebele Vries; ©Bundesarchiv, Ahnenerbe (ehem. BDC): Bohmers, Assien)
  2. GenealogieOnline Genealogie Beumer
  3. Ljouwerter Krante 12 juny 1976
  4. Ljouwerter Krante 9 augustus 1975, s. 25
  5. Martijn Eickhoff, Historie „ukradeného“ naleziště Assien Bohmers a vykopávky
  6. Hitler's Willing Archaeologists, diel 59 nûmer 2, maart/april 2006 troch Heather Pringle
  7. It wiene Johannes en Kees Groenhof út Ikkerwâld, Pieter Mudstra, Romke Postma út Readtsjerk en Andries van der Veen út Westergeast. Yn it artikel 'Friesland, het Ahnenerbe en het nordische denken', Ljouwerter Krante, 9 aug. 1975, wurde diels ferkearde nammen jûn. Oebele Vries yn E e n a m a t e u r - a r c h e o l o o g o p z o e k n a a r d e p r e h i s t o r i s c h e c u l t u u r : johannes minnema (1903-1984)
  8. Minnema woe op in stuit net de 'politike adjudant' fan Bohmers wêze en krige skeel mei him. Oebele Vries, Een amateur - archeoloog op zoek naar prehistorische cultuur: Johannes Minnema (1903-1984) Archeoforum nr. 4 2000.
  9. Oebele Vries, Een amateur - archeoloog op zoek naar prehistorische cultuur: Johannes Minnema (1903-1984) Archeoforum nr. 4 2000.
  10. Michael Kater: Das «Ahnenerbe» der SS, 1935-1945: ein Beitrag zur Kulturpolitik des Dritten Reiches. München, 2006. s. 460.
  11. Ahnenerbe en ziverschat, Ljouwerter Krante 9 augustus 1975
  12. Waterbolk en Stapert wiene oertsjûge fan it feit dat Bohmers de troch Vermaning ûntdutsen artefakten ferfalske en bedobbe hie. Tjerk vermaning en de Steen des Aanstoots; artikel fan Sietse van der Hoek; 2009
  13. Ynterview Ljouwerter Krante 12 juny 1976: Ik ben nooit nazi geweest of lid fan de SS. Ik was vanaf het begin tegen Hitler gekand. Ik ben voor een federalistich Europa, waarin alle bevolkingsgroepen hun eigen karakter kunnen behouden. De Nazi's en ook de Russen zijn voor een dictatoriaal centralisme. En daar hebben wij ons altijd tegen verzet.