Johan Goltstein (Lân fan Gulik, ± 1471 (?) – Sutfen, 4 febrewaris 1544), hear fan Niederempt en Middeldoarp, wie in sechstjinde-iuwske kriichshear fan Karel fan Gelre, steedhâlder fan de hartoch yn Dokkum, burchgreve fan Nijmegen en skepen fan Sutfen.

Goltstein wie in soan fan Hindrik Goltstein en Sofia fan Harf. Yn 1500 troude Goltstein mei Henrika fan Egmond. Ut dit houlik waard in soan berne: Willem fan Goltstein.

Yn 1517 wie Goltstein tegearre mei Johan fan Selbach oanfierder fan in 6000 man sterk hierleger (de "Swarte Hope"), dat troch de Hartoch fan Gelre stjoerd waard as fersterking fan de troepen fan Jancko Douwama. Goltstein slagge der yn om Dokkum nei in belegering yn te nimmen, wyls stuts Selbach mei Grutte Pier en syn fleat de Sudersee oer nei Hollân.

Hy waard begroeven yn Sutfen op 6 maaie 1544.