Johan van Oldenbarnevelt
Johan van Oldenbarnevelt (14 septimber 1547, Amersfoart – terjochtsteld 13 maaie1619, De Haach) wie de belangrykste Nederlânske steatsman yn de earste faze fan de tachtichjierrige oarloch. Hy waard slachtoffer fan in politike moard troch oanhingers fan Prins Maurits fan Oranje.
Libben
bewurkje seksjeJohan van Oldebarnevelt waard berne yn in boargerlik gesin. Der wie altyd in soad spul thús. Syn heit Gerrit kaam gauris yn oanrekking mei justysje fanwege dronkenskip of geweld. Johan besocht wierskynlik de Latynske skoalle yn Amersfoart. Dernei gie er nei De Haach om as abbekaat te wurkjen. Tusken 1566 oant 1570 studearre hy yn Leuven, Bourges, Keulen, Heidelberg en Padua. It is net wis of hy ek alle graden helle hat. Yn 1570 waard er abbekaat by it hof fan Hollân. Yn 1572 sleat er him oan by Willem fan Oranje. Yn 1576 waard er pensjonaris fan Rotterdam. Yn 1578 troude hy mei regintedochter Maria fan Utert. Yn 1586 waard Van Oldenbarnevelt lânsabbekaat (nei 1617 riedspensjonaris neamd) fan de Steaten fan Hollân. Dy funksje hat er oant syn dea hâlden.
Syn fertsjinsten
bewurkje seksjeOldebarnevelt waard al hiel gau in polityk lieder. Hy late gearkomsten en naam in soad besluten. De útfierende en militêre macht betroude er de jonge steedhâlder Maurits ta. Hy liet Maurits beneame as Kapitein- generaal fan Hollân. Ek soarge hy derfoar dat Maurits yn mear gewesten as steedhâlder oan de macht komme koe.
Sels soarge er ek foar mear macht. De Steaten-Generaal waarden tenei it sintrale bestjoersorgaan fan de Republyk en net mear de Rie fan Steat. Oldenbarnevelt naam sels ek in sit yn de Steaten-Generaal; op dy manier koe hy bepale wêr't de gearkomsten oer gienen. Hy beskikte oer in hiel soad kennis, hy bemoeide him mei alles en joech selden wat út hannen. Net ien koe om him hinne.
De rebûlje
bewurkje seksjeDe gearwurking mei Maurits de steedhâlder gie oant 1600 goed. Oldenbarnevelt die de polityk en Maurits ferovere de iene stêd nei de oare stêd. Mar Maurits waard wol âlder en koe hieltiten minder oer de bemuoienissen fan Van Oldebarnevelt. Maurits waard tsjin syn eigen oardiel yn nei Dúntsjerk stjoerd, wat late ta de slach by Nijpoart. Dizze minne ûntwikkelings hawwe de twa mannen útinoar dreaun. Doe't Van Oldebarnevelt der ek noch foar soarge dat der in bestân kaam mei Spanje wienen de rapen gear. Maurits liet it op rebûlje oan komme. Dit krigen sy troch in ferskil fan miening yn de striid tusken de remonstranten en de kontraremonstranten. Maurits wie op de hân fan de kontraremonstranten, mar Oldebarnevelt twong de tsjerke om de remonstranten te tolerearen. Mei de Skerpe Resolúsje (1617) waarden de Hollânske stêden troch de steaten machtige om hiertroepen oan te nimmen om ûnrêst foar te kommen. Dit wie in grutte provokaasje tsjin Maurits: hy wie de baas fan it leger en dit gie direkt tsjin syn gesach yn. Maurits soarge derfoar dat de wet feroare waard en hy liet yn 1618 Van Oldebarnevelt en guon meistanners, lykas Hugo de Groot, fêstsette. In bysûndere rjochtbank feroardiele Van Oldebarnevelt ta de dea fanwege heechferrie. Op13 maaie 1619 waard er ûnthalze.
Ta it publyk sei hy de ferneamde wurden: 'Mannen leau net dat ik in lânferrieder bin: ik haw oprjocht en from hannele, as in goed patriot, en sa sil ik stjerre'. Syn alderlêste wurden wienen tsjin de beul: Meitsje it koart, meitsje it koart.
Nei syn dea
bewurkje seksjeJohan van Oldebarneveld hie twa soannen, Reinier (1588 – 1623, hear fan Groenevelt, en Willem (1590 -1634, hear fan Kralingerpolder en Stouteburch. Dizze twa soannen beleinen in oanslach om harren heit te wreken. It doel wie om Maurits dea te meitsjen. It plan lekte út en Reinier waard terjochtsteld. Willem ûntkaam nei Brussel. Ek bûten de famylje wienen minsken lilk oer it ûnthalzen fan Oldenbarneveld. Joast fan de Vondel skreau in treurspul oer it optreden fan Maurits mei de namme Palamedes. Ek skreau hy twa protestgedichten: Het stockske van Oldenbarnevelt en Geuse-Vesper of Siecken-Troost voor de Vierentwintigh.