Johann Olav Koss
</noinclude> Johann Olav Koss (Drammen, 29 oktober 1968) is in eardere Noarske reedrider.
Johann Olav Koss | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 29 oktober 1968 | |
berteplak | Drammen, Noarwegen | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan, Oer-alles | |
O.S. | Tignes-Albertville 1992 Lillehammer 1994 | |
debút | 1986 | |
karriêre-ein | 1994 | |
ekstra | Oprjochter fan Right To Play |
Reedriden
bewurkje seksjeKoss waard wraldkampioen oer-alles yn 1990, 1991 en 1994 en Europeesk kampioen oer-alles yn 1991. Yn 1992 wûn hy goud op de 1500 meter en sulver op de 10.000 meter by de Olympyske Spullen yn Tinges-Albertville. Yn 1994 wûn er goud op 1500, 5000 en 10.000 meter by de Spullen yn Lillehammer.
13.30.55
bewurkje seksjeFoaral it wrâldrekord op de tsien kilometer by de Olympyske Spullen yn 1994 wie in grutte prestaasje. Syn tiid 13.30.55 wie mei grutte foarsprong de rapste tiid. Dit rekord waard pas yn it tiidrek fan de klapreed ferbrutsen.
Rekôrs
bewurkje seksjePersoanlike rekôrs
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 37,98 | 7 jannewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
1.000 meter | 1.14,9 | 10 jannewaris 1993 | Hamar, Vikingskipet |
1.500 meter | 1.51,29 | 16 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
3.000 meter | 3.57,52 | 13 maart 1990 | It Hearrenfean, Thialf |
5.000 meter | 6.34,96 | 13 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
10.000 meter | 13.30,55 | 20 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
Wrâldrekôrs
bewurkje seksjeNr. | Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|---|
1 | 3000 meter | 3.57,52 | 13 maart 1990 | It Hearrenfean, Thialf |
2 | 5000 meter | 6.41,73 | 9 febrewaris 1991 | It Hearrenfean, Thialf |
3 | 10.000 meter | 13.43,54 | 10 febrewaris 1991 | It Hearrenfean, Thialf |
4 | Grutte fjouwerkamp | 157,396 | 26 febrewaris 1991 | It Hearrenfean, Thialf |
5 | 5000 meter | 6.38,77 | 22 jannewaris 1993 | It Hearrenfean, Thialf |
6 | 5000 meter | 6.36,57 | 13 maart 1993 | It Hearrenfean, Thialf |
7 | 5000 meter | 6.35,53 | 4 desimber 1993 | Hamar, Vikingskipet |
8 | 5000 meter | 6.34,96 | 13 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
9 | 1500 meter | 1.51,29 | 16 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
10 | 10.000 meter | 13.30,55 | 20 febrewaris 1994 | Hamar, Vikingskipet |
Nei it reedriden
bewurkje seksjeNei syn kariêre as reedrider, makke Koss syn genêskundestúdzje ôf. Hy gong oan de slach as ambassadeur foar UNICEF en waard lid fan it YOK. Yn 1999 troude Koss mei de Kanadeeske sakefrou en politika Belinda Stronach. Dit houlik hâlde gjin stân en yn 2003 binne se skieden. Yn 2009 troude Koss foar de twadde kear, by syn twadde frou hat er in soan.
Right To Play
bewurkje seksjeRight To Play is in organisaasje oprjochte troch Johann Olav Koss dy't ûntstien is út Olympic Aid in yn 1992 troch it Olympysk Organisaasje Komitee fan de spullen yn Lillehammer oprjochte goede doelen organisaasje. Mei dizze organisaasje wol Koss him ynsette foar de rjochten fan bern dy't it it dreechst hawwe. De programma's fan Right To Play rjochtsje har op famkes, minsken mei in beheining, bern mei HIV en AIDS, bern dy't op strjitte libje, eardere bernsoldaten en flechtlingen. De organisaasje is yn sa'n 20 lannen aktyf mei 41 projekten, en belûkt wraldwiid topsporters as ambassadeurs by de aktiviteiten. De organisaasje hat kantoaren yn Nederlân, Noarwegen, Switserlân, Itaalje, Ingelân, De Feriene Steaten en Kanada - dêr't ek it haadkantoor festige is. Koss is hjoed de dei algemien direkteur fan Right To Play.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|