Johannes Dirks Baarda

Johannes Dirks Baarda (Ljouwert, 26 oktober 1836 - Feanwâlden, 23 juny 1903) wie in notarisklerk en skriuwer.

Johannes Baarda

Baarda waard berne yn Hotel Phoenix yn Ljouwert, by syn pake en beppe, mar waard grut brocht by syn omke yn Jirnsum nei't beppe yn 1839 stoarn wie. Omke ornearre him foar it notariaat; hy is notarisklerk wurden. Earst wenne er yn Damwâld en doe yn Mitselwier. 12 maaie 1878 ferhuze er nei Feanwâlden, dêr't er op kantoar kaam by Mr. van Kleffens, en boaske oan Dieuwke Willems Kuipers fan Hantumhuzen. Hy waard in fûl drankbestrider.

Baarda skreau proaza en poëzy mei in liberaal-satiryske strekking yn tydskriften: Fryske Húsfrjeon (1858-66), Bijekoer (1859-65), Iduna (1861-64) en Swanneblommen (1860-63); en yn kranten: it wykblêd Kanton Bergum (1881) en it Friesch Volksblad (1877-78). Mei J. G. de Vries út Ikkerwâld makke er it drankbestridersjierboekje 'De Folkfrieun' (Boalsert, 1862 en Dokkum, 1864).

Hy publisearre ûnder de skûlnammen Simen Aukes en Johannes.

  • In profeet yn sin eigen lân, novelle - 1863
  • Goede voornemens, toanielstik (Amsterdam 1878)
  • In lyts forsin, blyspul mei sang, (De Jouwer) - 1880
  • In fers fan Baarda is op muzyk set en komt foar yn it Ny Frysk Lieteboek (It Hearrenfean 1886).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Johannes Dirks Baarda.