Johannes Hendricus Jurres (Ljouwert, 17 jannewaris 1875Amsterdam, 2 augustus 1946) wie in romantysk keunstskilder.

Johannes Jurres
keunstner
Johannes Jurres, om 1938
Johannes Jurres, om 1938
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 17 jannewaris 1875
berteplak Ljouwert
stoarn 2 augustus 1946 (71 jier)
stjerplak Amsterdam
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, tekener, lektor
jierren aktyf 1890-1946
offisjele webside
gjint

Hy wie in soan fan skroar Hendricus Jurres en Christina Geertruida van der Veer. De katolike húshâlding hie it net breed, mar de jonge Jurres waard gjin striebreed yn 'e wei lein doe't er keunstner wurde woe. Syn tekenlearaar op de HBS Jan Bubberman ûnderkende en stimulearre syn talint.

Fan syn 15e ôf oan wenne en wurke Jurres yn Amsterdam. Hy reizge nei Italië, Switserlân en Spanje. Hy besocht it Prado yn Madrid en reizge fierder nei Granada dêr't er in skoft wenne en wurke. Syn earste oplieding krige er oan de Rijksschool voor Kunstnijverheid te Amsterdam en dêrnei de Ryksakademy dêr't er les krige fan ferneamde skilders as August Allebé, Carel Dake en Nicolaas van der Waay. Jurres syn oeuvre befette oaljeferven, akwarellen, tekeningen, etsen en litografyen.

Yn 1921 waard er heechlearaar oan de Ryksakademy te Amsterdam. Hy wie dêr lid en sûnt 1944 ek foarsitter fan Arti et Amicitiae. Wurk fan him sit yn de kolleksje fan it Frysk Museum, it Dordrechts Museum, it Singer Museum te Laren (Noard-Hollân) en it Ryksmuseum Van Bilderbeek-Lamaison te Dordrecht.

Begjin 20e iuw wie der in opkommend histoarysk bewustwêzen en wie Jurres in wurdearre keunstner. Benammen nei de oarloch, yn in tiid fan fernijing en eksperimint, waard Jurres lang as net nijsgierrich en âlderwets beskôge. Mei troch in tal útstallingen ein 20e iuw wurdt Jurres wer mear wurdearre en yn 2010 hat it Frysk Museum fiif skilderijen fan him oankocht.

Jurres grypte werom op bibelske foarstellings of hichtepunten út de wrâldliteratuer, lykas de "Don Quichot" fan Miguel de Cervantes. Hy keas foar syn histoarjeskilderijen de meast dramatyske mominten en fersterke de dramatyk troch donkere kleuren te brûken en te wurkjen mei wat losse fervestreken.

Hy troude yn 1911 yn Nice mei Madeleine Guillouard. Ien fan harren soannen, André Jurres, waard pianist en bestjoerder yn de muzykwrâld.

Johannes Hendricus Jurres stoar yn de âlderdom fan 71 jier yn Amsterdam.

By de learlingen fan wienen:

Kar út syn wurk

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppelings om utens

bewurkje seksje