Johannes Siebinga

Johannes Siebinga, better bekend as Dokter Siebinga, (Mearum, 9 maaie 1898 - Grins, 25 febrewaris 1969) wie in hûsdokter dy't fral bekend waard troch syn wurk as amateur-archeolooch. Hy hie ek in soad doel oer fûgels (ornitolooch) en wie teffens psychologysk en filosofysk ûnderlein.

Siebinga waard berne as boeresoan yn de buorskip De Haar ûnder Mearum. Hy studearre nei de HBS medisinen oan de Universiteit fan Grins. Yn 1924 foltôge er syn stúdzje en waard inkelde moannen waarnimmer foar de húsarts fan Skiermûntseach. Dêrnei gie er nei De Pein dêr't doe noch gjin dokterspraktyk wie. Hy begûn syn praktyk yn it kafee. Yn 1927 wie Siebinga's hûs yn De Pein klear en dat jier boaske er ek oan Goes Lofvers, dy't er noch út syn studintetiid koe. Siebengas pasjinten kamen út de fiere omkriten, fan Earnewâld oant Houtigehage. Dêrom hold er ek sprekoere yn Aldegea en op De Rottevalle. Harren soan Roelf Reinder (1928) soe letter ek húsdokter wurde.

Yn de Twadde Wrâldkriich bedarre Siebinga yn it fersetswurk, mei troch syn freon dûmny Eise Gerrit Buitenbos dy't al yn it ferset siet. Hy holp fersetsminsken (ek medysk) en ûnderdukkers. Troch it fersetswurk krige er kunde oan Trijntje Lindeboom. Beiden waarden oppakt yn jannewaris 1945 en rekken nei in konsintraasjekamp yn Wilhelmshaven dêr't er fjouwer moanne sitten hat en as kamparts tige fertsjinstlik west hat. Nei de oarloch is er troud mei Trijntje Lindeboom dy't doe ek krekt skieden wie. Hja krigen in soan, Reinder. Yn 1983 is Siebiga postúm it fersetskrús ferliend.

Siebinga stiet te boek as in deskundige op it mêd fan it ûndersyk nei de Middenstientiid of Mesolitikum, it tiidrek dat útein set nei de lêste iistiid, goed njoggentûzen jierren lyn doe't de maatskippij nochal feroare troch de lânbourevolúsje. In wichtige ûntdekking op dit mêd wie de fynst fan in simmerkamp fan rindierjagers by de De Blauwe Dobbe by De Houtigehage yn 1938. Heechleararen archeology út Dútslân en Ingelân hawwe by him west.

Siebinga, dy't altyd mei "Dokter" oansprutsen waard, die it ûndersyk allinnich as hobby. Syn archeologyske opgravings wienen foar him in manear om efkes wei te kommen fan syn swiere wurk as húsdokter.

Siebinga is stoarn yn it Akademysk Sikehûs Grins oan de gefolgen fan in auto-ûngemak dat op 10 febrewaris 1969 plak fûn.

It Frysk Museum beskikt oer de grutte partikuliere samling fan Johannes Siebinga, dy't hy yn de rin fan jierren opboud hat en fral bestiet út syn fynsten op de eastlike sângrûnen yn Fryslân. Nei syn dea gong dizze samling nei it museum yn Ljouwert. Net alle fynsten waarden troch him sels dien. Hy krige ek in soad oanbean fan minsken dy't hy koe troch syn húsdokterpraktyk. Ta de fynplakken fan Siebinga hearden de ouwer fan de Burgumer Mar en de sângrûnen fan Smellingerlân.

  • Johannes Siebinga - meer dan een dokter. Gearstalling P. Terpstra, bydragen fan K.J. Bekkema, J. Bijlsma, S. Hiemstra en J. Siebinga (2009).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: