John te Loo
Gijsbert Johan (John) te Loo (Harns, 10 septimber 1928 – Ljouwert, 31 maart 2017) wie n Nederlânske politikus fan de PvdA.
John te Loo | ||
politikus | ||
John te Loo yn 1986 | ||
echte namme | Gijsbert Johan te Loo | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Harns | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
boargemaster fan Gasselte | ||
amtsperioade | 1958-1969 | |
boargemaster fan Borger | ||
amtsperioade | 1969-1972 | |
boargemaster fan Wynskoat | ||
amtsperioade | 1972-1979 | |
boargemaster fan Schiedam | ||
amtsperioade | 1979-1983 | |
boargemaster fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1983-1993 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeTe Loo keas nei syn gymnasiumoplieding yn Kampen foar in amtlike karriêre. Yn 'e jûnsoeren folge er de stúdzje rjochten oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Doe't er 30 jier wie waard er yn 1958 beneamd ta boargemaster fan Gasselte en wie doe de jongste boargemaster fan Nederlân. Begjin 1969 studearre er ôf en fuort dêrnei waard er beneamd ta boargemaster fan Borger. Nei Borger folgen efterelkoar de beneamingen ta boargemaster yn Winschoten (1972), Schiedam (1979) en Ljouwert (1983). [1]
Nei it beëinigjen fan syn karriêre yn Ljouwert waard er noch ferskate kearen frege as waarnimmend boargemaster: yn Feandam (1993/1994), Eibergen (1995), Reiderlân (twadde helte fan 1997) en as ôfsluting yn syn berteplak Harns (1998).[1]
Neist boargemaster wie er ûnder mear plakferfangend-riedshear by it Gerjochtshof Ljouwert en lid fan de Centrale Raad voor Strafrechtstoepassing. [1]Ek wie er de earste presidint-kommissaris fan de Ried fan Kommissarissen fan Afvalsturing Friesland N.V. (hannelsnamme Omrin), de ôffalferwurker fan de 31 Fryske gemeenten.
Te Loo wie eareboarger fan de stêd Ljouwert. By gelegenheid fan syn ôfskied as boargemaster fan Ljouwert yn 1993 krige er Het Metrum van de voetstap oanbean. Fersen fan skriuwers dy't yn Ljouwert wenne of wurke hawwe, binne gravearre yn hurdstiennen tablo's ferspraat oer de binnenstêd. Yn 2003 waard de poëzyrûte útwreide oant yn totaal 23 gedichten.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John te Loo fan Wikimedia Commons. |