De Julianatoren is in attraksjepark yn Apeldoarn yn de Gelderske gemeente Apeldoarn. Julianatoaren tanket syn namme oan de toer út 1910 dy't yn it pretpark stiet

Julianatoren
  ferdivedaasjepark
Koningin Juliana Toren (2010)
Koningin Juliana Toren (2010)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
plak Apeldoarn
adres Amersfoortseweg
koördinaten 52° 13' NB, 5° 54' EL
bysûnderheden
type ferdivedaasjepark
eigner Famylje Kreekel
iepen 1910
oerflak 2,11 hektare
attraksjes 38
achtbanen 3
wetterattr. 2
shows 7
skiednis
ferneamd nei Prinses Juliana
hist. namme Prinses Juliana Toren,
Julia Toren,
Familiepretpark Koningin Juliana Toren
iepening 1910
gebou
boujier 1910
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 514476
offisjele webside
webstee Julianatoren
kaart
Julianatoren (Gelderlân)
Julianatoren
Lokaasje fan Julianatoren.

De útsjochtoer wie 24 meter heech en fan boppen ôf hiene je dan ek in prachtich útsicht oer de bosken en heidefjilden fan de Feluwe. Mei tanksij dit prachtige útsicht waard it restaurant njonken de Julianatoaren “Belvedêre” (moai fiergesicht) neamd.

Yn 1942, yn de Twadde Wrâldkriich, easken de Dútsers de Julianatoren op. Mei as gefolch dat de namme "prinses" derôf moast en krige de útscjochtoer de namme "Julia Toren". De útsjochtoer wie foar de Dútsers fansels in perfekte útkykpost. Lykwols, troch it trochgroeien fan 'e beammen moasten se der al gau in ferdjipping boppe-op bouwe.

Yn 1965 kaam de útkyktoer yn hannen fan de gemeente, dy't de toer ferkocht oan de famylje Kreekel, dy 't eigener wie fan it út 1937 datearjende pretpark "Prins Bernard Dal". Dit pretpark lei in stikje leger ûnder oan de berch en wie troch gemeentlike regeljouwingen yn in drege situaasje telâne kommen. De parkearterrein moast plakmeitsje foar it wetterwingebiet fan Apeldoarn. De helte fan de terrassen moasten ôfbrutsen wurde om nije terrassen te kreëarjen. Dit wie spitigernôch net helber en "Prins Bernard Dal" waard yn 1966 sletten[1]. Yn 1969 waard it gebou ôfbrútsen en de attraksjes waarden ferpleatst nei de "Keninginne Juliana Toren". Yn de jierren 1970 en 1980 kamen der attraksjes by, wêrûnder in achtbaan. De maskottes fan it park binne sûnt 2003 twa mûzen Jul en Julia. Yn 2014 waard de namme fan it pretpark feroare yn "Julianatoren" sa waard it park yn de Folksmûile ek al neamd.[2] Yn 2022 waard der in tredde achtpaan yn it attraksjepark iepene de "Texas Twister" dat wie foar it earst yn 29 jier.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: