Jumanji (franchise)

Jumanji (útspr.: [ʤuˈmanʤi], likernôch: "dzjû-man-dzjy") is in Amerikaanske mediafranchise op basis fan it berneboek Jumanji, dat yn 1981 publisearre waard troch Chris Van Allsburg, en it ferfolch dêrop, Zathura. It draait om in pear magyske spullen, dy't de spilers nei binnen ta sûge en twinge om it spultsje út te spyljen as se it oerlibje wolle. Anno 2023 bestiet de franchise út fjouwer films mei in fyfdenien op til, in tekenfilmsearje, in stikmannich fideospultsjes en boerdspullen, de by de films hearrende soundtrackalbums en in ferskaat oan merchandising. De films allinne al hawwe mei-inoar yn 'e bioskopen goed $2 miljard opbrocht.

Jumanji
betinker Chris Van Allsburg
eigner Houghton Mifflin Harcourt
   (boeken)
Columbia Pictures (films)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1981
films
langspylfilms Jumanji
Zathura: A Space Adventure
Jumanji: Welcome to the
   Jungle

Jumanji: The Next Level
tillefyzje
tekenfilmsearjes Jumanji
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
boerdspullen ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
boeken Jumanji
Zathura
muzyk
soundtracks Jumanji
Zathura
Jumanji: Welcome to the
   Jungle

Jumanji: The Next Level

Boeken bewurkje seksje

Jumanji (boek) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jumanji (boek).

Jumanji is in berneboek út 1981, skreaun troch Chris Van Allsburg. De plot draait om twa bern, in broer en in suster, dy't Peter en Judy Shepherd hjitte. Sy fine en spylje in magysk boerdspul wêrby't eltse wurp fan 'e dobbelstiennen it tropysk reinwâld út it spul (en de bisten dy't dêr tahâlde) om harren hinne ta libben bringt. Om harren wrâld wer werom te bringen ta syn oarspronklike steat, moatte se it spul útspylje en Jumanji berikke, de stêd fan goud dêr't it spul nei ferneamd is. As dat nei in protte swierrichheden slagget, smite se it boerdspul fuort. It wurdt lykwols fûn troch de buorjonges.

Zathura bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Zathura (boek).

Zathura is it ferfolch op it earste boek, dat yn 2002 ferskynde, op 'e nij fan 'e hân fan Chris Van Allsburg. De bruorren Danny en Walter, dy't njonken Peter en Judy wenje, fine Jumanji en tinke deroer om it te spyljen, mar beslute dat úteinlik net te dwaan. Ynstee spylje se in oar spul, mei in science fiction-romtefearttema, dat Zathura hjit. Dat blykt like magysk te wêzen as Jumanji, en krekt as Peter en Judy binne de jonges twongen om it spul mei súkses út te spyljen om alles wer goed te krijen.

Films bewurkje seksje

Jumanji (film) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jumanji (film).

Yn Jumanji fine twa bern, broer en suster Peter (Bradley Pierce) en Judy Shepherd (Kirsten Dunst), in boerdspul dat Jumanji hjit. As se it spylje, docht bliken dat it in magysk spul is, dat it oerwâld ta libben bringt, sadat de bisten út it spul yn 'e echte wrâld bedarje en dêr gaos en gâns skea oanrjochtsje. Sa komt ek Alan Parrish (Robin Williams) werom yn 'e echte wrâld, dy't yn 1969 as bern Jumanji spile mei syn freondintsje Sarah Whittle en 26 jier lang yn 'e wrâld fan it spul finzen sitten hat. Mei help fan Peter en Judy spoart er Sarah (Bonnie Hunt) op, en fjouweresom beslute se it spul út te spyljen om alle ferwoastings dy't it oanrjochte hat, werom te draaien.

Jumanji waard regissearre troch Joe Johnston nei in senario fan Jonathan Hensleigh, Greg Taylor en Jim Strain. De film gie op 15 desimber 1995 yn premiêre, en brocht $262,8 miljoen op tsjin in budget fan $65 miljoen. Dêrmei wie it de op njoggen nei meast opbringende film fan it jier.

Zathura: A Space Adventure bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Zathura: A Space Adventure.

Yn Zathura: A Space Adventure fine twa bern, de oanhâldend kibjende bruorren Walter (Josh Hutcherson) en Danny Budwing (Jonah Bobo), yn 'e kelder fan harren âldershûs in mysterieus boerdspul. As se dat spylje, wurdt it hûs op magyske wize transportearre nei de romte. Mei harren âldere suster Lisa (Kristen Stewart) en in astronaut (Dax Shepard) moatte se it spul útspylje en oerlibje om weromkeare te kinnen nei de Ierde.

Zathura: A Space Adventure waard regissearre troch Jon Favreau nei in senario fan David Koepp en John Kamps. De film gie op 11 novimber 2005 yn premiêre, en brocht $65,1 miljoen op tsjin in budget fan $65 miljoen.

Jumanji: Welcome to the Jungle bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jumanji: Welcome to the Jungle.

Yn Jumanji: Welcome to the Jungle fine fjouwer teenagers, Spencer Gilpin (Alex Wolff), Anthony "Fridge" Johnson (Ser'Darius Blain), Bethany Walker (Madison Iseman) en Martha Kaply (Morgan Turner), as se by wize fan bestraffing ûnder it neibliuwen de kelder fan harren middelbere skoalle opromje moatte, in mysterieus fideospultsje dat Jumanji hjit. As se it spylje wolle, wurde se alle fjouwer op magyske wize yn it spultsje sûgd. Dan docht bliken dat de avatars dy't se keazen hawwe: resp. dr. Smolder Bravestone (Dwayne Johnson), Mouse Finbar (Kevin Hart), prof. Shelly Oberon (Jack Black) en Ruby Roundhouse (Karen Gillan), eins hielendal net by harren passe. Nettsjinsteande dat moatte se it spultsje winne om der wer oan ûntsnappe te kinnen. Dêrby leare se weardefolle lessen oer freonskip en it libben.

Jumanji: Welcome to the Jungle waard regissearre troch Jake Kasdan nei in senario fan Chris McKenna, Erik Sommers, Scott Rosenberg en Jeff Pinkner. De film gie op 5 desimber 2017 yn premiêre, en brocht $962,1 miljoen op tsjin in budget fan nei skatting $90 oant 150 miljoen. Dêrmei wie it de op fjouwer nei meast opbringende film fan it jier.

Jumanji: The Next Level bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jumanji: The Next Level.

Jumanji: The Next Level is in direkt ferfolch op Jumanji: Welcome to the Jungle. Twa jier letter docht bliken dat it fideospultsje Jumanji, dat nei harren eardere aventoer troch Spencer (Alex Wolff), Fridge (Ser'Darius Blain), Bethany (Madison Walker) en Martha (Morgan Taylor) ferneatige wie, rêden is troch Spencer. Wannear't hy him hiel deprimearre fielt en wer dr. Smolder Bravestone (Dwayne Johnson) wêze wol, giet er wollen en mienen wer yn it spultsje. Mei't er it inkeld provisoarysk reparearre hat, hâldt en draacht it spultsje him noch eigensinniger as oars en pakt it net út sa't Spencer him foarsteld hie. As syn freonen útfine wat er dien hat, geane se him efternei, mar ynstee dat it spultsje harren allegear nei binnen sûgd, bliuwt Bethany efter wylst Fridge, Martha, Spencer syn pake Eddie (Danny DeVito) en dy syn âlde freon Milo (Danny Glover) yn Jumanji bedarje. Dêr moatte se op 'e nij it spul útspylje om te oerlibjen.

Jumanji: The Next Level waard regissearre troch Jake Kasdan nei in senario fan himsels, Jeff Pinkner en Scott Rosenberg. De film gie op 13 desimber 2019 yn premiêre, en brocht $800,1 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen. Dêrmei wie it de op njoggen nei meast opbringende film fan it jier.

Fyfde film bewurkje seksje

Al yn desimber 2019 waard in fyfde Jumanji-film oankundige, wêryn't op 'e nij de cast fan Jumanji: Welcome to the Jungle en Jumanji: The Next Level de haadrollen fertolkje sil. Anno 2023 is de ferwachting dat de opnamen yn 'e rin fan dit jier úteinsette sille. Akteur Jack Black hat sein dat dizze trêde film de lêste wurdt foar him en de rest fan 'e cast.

Tillefyzje bewurkje seksje

Jumanji (tekenfilmsearje) bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Jumanji (tillefyzjesearje).

Jumanji, ek bekend as Jumanji: The Animated Series, wie in Amerikaanske tekenfilmsearje dy't rûn fan 1996 oant en mei 1999. De searje borduerre fuort op itselde ferhaalmateriaal as de earste film, mei yn 'e haadrollen Allan Parrish (ynsprutsen troch Bill Fagerbakke) en Peter (Ashley Johnson jong; Cam Clarke folwoeksen) en Judy Shepherd (Debi Derryberry). Der waarden trije seizoenen fan 'e searje makke, mei yn totaal 40 ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 22 minuten.

Muzyk bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e Jumanji-franchise binne de folgjende soundtrackalbums útbrocht:

Spultsjes bewurkje seksje

Boerdspullen bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e Jumanji-franchise binne de folgjende boerdspullen útbrocht:

Fideospultsjes bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e Jumanji-franchise binne de folgjende fideospultsjesn útbrocht:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jumanji (filmsearje)
Jumanji (1995) • Zathura: A Space Adventure (2005) • Jumanji: Welcome to the Jungle (2017) • Jumanji: The Next Level (2019)