Karmelitetsjerke (Mainz)

De Karmelitetsjerke (Dútsk: Karmeliterkirche) is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn de Dútske stêd Mainz. De tsjerke wurdt sûnt 1924 troch de karmeliter biddeloarder brûkt. De trijeskippige tsjerke mei dakruter stiet oan it Karmeliterplatz yn de histoaryske binnenstêd.

Karmelitetsjerke

Karmeliterkirche

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Karmeliterplatz
koördinaten 50° 0' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
Arsjitektuer
boujier 1288-1330
boustyl Gotyk
Webside
Side parochy
Kaart
Karmelitetsjerke (Rynlân-Palts)
Karmelitetsjerke
 
Reliëf fan sânstien boppe de tagong

De skiednis fan de karmeliten yn Mainz giet op it jier 1285 werom. In soad skinkings fan rike ynwenners makken de bou fan in tsjerke en kleaster mooglik. Fan 1477 oant 1797 wie dat ek it plak dêr't de Mainzer Universiteit alle jierren syn rektoraat keas. It kleaster waard tusken 1700 en 1713 op 'e nij yn barokke styl boud.

Nei't Mainz haadstêd fan it nei de Donnerberch ferneamde Frânske département du Mont-Tonnerre waard, lieten de Frânsen yn 1798 de tsjerke omsette yn in militêr magazyn. Yn 1802 folge yn it ramt fan de sekularisaasje de opheffing fan it kleaster. Yn 1812 kamen de gebouwen yn it besit fan de stêd en yn itselde jier waard it âlde Kaufhaus am Brand ôfbrutsen; foar in skoft waard de tsjerke brûkt as ferfanging fan it ôfbrutsen keaphûs. Neitiid tsjinnen de kleastergebouwen as skoalle en de tsjerke as pakhûs foar û.o. de feestweinen foar karnaval.

Oan it begjin fan de 20e iuw wiene der plannen om in museum yn de tsjerke ûnder te bringen, mar jildbrek ferhindere dat en yn 1922 naam de stêd it beslút om de tsjerke ôf te brekken. Der folge opskuor en de protesten twongen de stêd it beslút werom te draaien. Yn 1924 naam de Nederlânske karmelitenprovinsje de tsjerke oer. De arsjitekt Paul Meissner krige de opdracht om de kleastertsjerke te renovearjen.

Nei de kriichsskea op 11 augustus 1942 waard de tsjerke restaurearre. De yn 1924 oanbrochte fresko's op basis fan de midsiuwske orizjinelen koene yn 1952 mei help fan bettere technyske prosessen wer yn âlde steat restaurearre wurde. Eastlik fan it koer waard yn 1965 in nij kleaster boud.

 
Alter
 
Fresko's ferwulft koer

De fresko's yn it ferwulft fan it koer datearje fan it begjin fan de 15e iuw en stelle it antlit fan Kristus, ingels en profeten foar en binne yn 1924 oerskildere.

It heechalter hat in foarstelling fan de kroaning fan Marije. Op de syddoarren wurde de apostels ôfbylde. De reliëfs binne yn 1517 op in iken paneel út 1395-1400 oanbrocht, wêrûnder de resten fan in skildering met itselde tema sitte.

Oare keunstwurken:

  • In stiennen steande Mem Gods mei krússtêf út 1400
  • In byld fan Anna trijerisom, in ûnderdiel fan in út Kiedrich datearjend alter dat yn 1942 ferbaarnd is.
  • Yn it koer is in 15e-iuwsk grêfmonumint fan Margarethe fan Rodemachern.
  • De ramen binne yn 1970 troch Jan Schoenaker makke. It middelste koerfinster lit it Mainzer stedswapen sjen en twa saneamde Mainzelmännchen.
  • Yn de sakristy romaanske krúsifiksen, nei alle gedachten 11e-iuwsk, en fresko's út it begjin fan de 15e iuw (Pinksterwûnder en de himelfeart fan Elía).
  • Bûten de tsjerke boppe it portaal in reliëf fan de kroaning fan Marije út de eardere domproasdij (likernôch 1730).

Njonken de tsjerke stiet it tusken 1700 en 1713 boude kleaster. De gevel fan de súdlike fleugel hat in barok portaal út 1710 en in nisbyld fan de hillige Joazef. De kleastergong is yn de letter boude skoalle yntegrearre. It nije kleaster datearret út de jierren 1950-1951.

It feest fan de hillige Falentyn op 14 febrewaris is de dei fan de beafeart. De betsjutting fan dy beafeart is lykwols ôfnommen. Wichtiger is de twadde beafeart op 1 oktober ta eare fan Theresia fan Lisieux, dy't sûnt 1925 fierd wurdt, it jier dat de Frânske non hillich ferklearre waard. Yn de tsjerke stiet in byld mei in relikwy fan Theresia.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.