Ramp

(Trochferwiisd fan Katastrôfe)

In ramp of katastrôfe (fan it Frânske catastrofe, mei deselde betsjutting) is in barren wêrby't in earnstige fersteuring fan it iepenbiere libben en de maatskiplike feilichheid ûntstiet en it libben en/of de sûnens fan in protte minsken, it miljeu en/of wichtige materiële belangen slim bedrige wurde of skansearre reitsje. Der is dan ferlet fan in koördinearre ynset troch ynstânsjes en organisaasjes fan ferskate dissiplines om 'e driging wei te nimmen of de skealike gefolgen te beheinen. In ramp kin ek liede ta it ûntstean fan in langer duorjende krisis. Persoanen kinne by in ramp belutsen reitsje yn in stikmannich hoedanichheden, te witten: as slachtoffer, neibesteande, dupearre, helpferliener of politikus/bestjoerder. Guon lju dy't net by in ramp belutsen binne, fiele de net te ûnderdrukken oanstriid om mei eigen eagen de gefolgen fan in ramp te besjen; dat oer it algemien negatyf beskôge ferskynsel wurdt ramptoerisme neamd.

Ruïnes yn San Francisco nei de swiere ierdbeving fan 1906.

Rampen kinne yndield wurde yn in stikmannich kategoryen. Yn it foarste plak is er de natoerramp: in ramp feroarsake troch natoerferskynsels, lykas: in berchstoarting, drûchte, fulkaanútbarsting, hjitteweach, ierdbeving, ierdferskowing, lahar (dreklawine), lawine, meteoarynslach, natoerbrân (lykas in boskbrân), oerstreaming, orkaan/tyfoan/sykloan, rotslawine, sinneflam, tornado/wynhoas of tsûnamy. Fierders binne der saneamde antropogene rampen (ek wol bekend ûnder de Ingelske oantsjutting man-made disasters), dy't ûntsteane as gefolch fan minsklike oanwêzigens of minsklik hâlden en dragen. Dan moat men tinke oan in epidemy, fleanramp, humanitêre ramp (lykas oarloch, hongersneed of genoside), kearnramp, miljeuramp, skipsramp of treinramp. Ta einbeslút is der noch de kultuerramp. Dat is in ramp wêrby'tde kontinuïteit fan in kultuer slim oantaast wurdt, of wêrby't in protte en/of wichtige aspekten fan in beskaving ferlern geane. Men moat dan tinke oan dingen as de ferneatiging fan de Boeda's fan Bamyan troch Taliban yn Afganistan yn 2001.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.